Springe nei ynhâld

Mûne Van Hal

Ut Wikipedy
Mûne Van Hal
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plakVoorst
koördinaten51°52'N 6°25'E
bysûnderheden
funksjenôtmûne
flecht21,35 m
boujier1866
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer515762 [1]
Webside
Side Nôtmûne Voorst
Kaart
Mûne Van Hal (Gelderlân)
Mûne Van Hal

De Mûne Van Hal is in nôtmûne yn it Gelderske doarp Voorst. De bultmûne waard yn 1866 boud yn opdracht fan Bernhard Stapelbroek. Theodora Johanna, de dochter fan dy mounder, boaske yn 1899 mei Johannes Hubertus van Hal.

Yn it foarhûs fan 'e pleats, dy't njonken de mûne stie, sette Johannes van Hal útein mei in bierlokaal, de foarrinner fan it hjoeddeiske restaurant by de mûne. Op 7 jannewaris krige er fergunning foar in nôtmeallerij mei in benzinemotor fan 18 hk, sadat ek sûnder wyn mealle wurde koe.

By de gefjochten yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de mûne skeind en yn 1957 ferlear de mûne syn kape en it wjukkenkrús. In part fan 'e wjukken wie al earder nei bliksemynslach ferwidere. In goede tsien jier letter waard besocht de mûne wer op te meitsjen, mar dat draaide op neat út.

De namme fan 'e mûne ferwiist nei de eardere mûndersfamylje Van Hal. Yn 1999 waard de mûne ûnderbrocht by de Stifting Nôtmûne Voorst (Stichting Korenmolen Voorst). De stifting sette yn 2009 útein mei de restauraasje. Sûnt 2010 hat de mûne wer in kape en is de mûne mealfeardich.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: