Springe nei ynhâld

Lângoed

Ut Wikipedy
It lângoed Deelerwoud.

In lângoed (ek lânguod), bûtenpleats of bûten is in grut lânhûs mei bygebouwen en tunen en teffens greid- en boulân, mei mooglik ek in stik wyldernis, lykas bosklân of heide derby. Yn 'e folksmûle wurdt tusken lângoed en bûtenpleats fierders gjin ûnderskie makke, en wurde de beide foarmen trochinoar brûkt.

As men lykwols sekuer wêze wol, is in lângoed in oanienslutend stik grûnbesit fan teminsten 5 ha, dat in ynkommen generearret dêr't de eigner út bestean kin. Op sa'n lângoed stiet yn 'e regel in lânhûs, mar dat hoecht net. In bûtenpleats is, sekuer nommen, in lúkse, twadde wente op it plattelân; dêr kinne lânerijen by hearre, mar dat hoecht net. Winliken binne de begripen 'lângoed' en 'bûtenpleats' yn dit ferbân inoars tsjinstelde, mei't it iene útgiet fan it lânbesit en it oare fan it lânhûs.

Sawol lângoed as bûtenpleatsen hawwe yn Nederlân yn 'e regel in lânskiplike, kultuerhistoaryske wearde. Oangeande lângoed is boppedat faak sprake fan in ferraning fan ekonomyske en natoerbeskermjende aspekten, mei't der faak sawol oan lânbou en eventueel boskbou dien wurdt, as oan rekreaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side.