Lytse oliifgriene ibis
lytse oliifgriene ibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Bostrychia bocagei | ||||||||||||
Chapin, 1923 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Kaart fan Sao Tomé mei it leefgebiet (grien) fan 'e lytse oliifgriene ibis. |
De lytse oliifgriene ibis of dwerchibis of Sao-Tomee-ibis (Bostrychia bocagei) is in fûgel út 'e famylje ibissen en leppelbekken. Foarhinne waard tocht dat it in ûndersoarte wie fan 'e gruttere oliifgriene ibis, mar hjoed-de-dei wurdt de fûgel as in aparte soarte behannele. De soarte is endemysk op it eilân Sao Tomee en rint grut gefaar om út te stjerren.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 60 oant 65 sm lang en in folwoeksen fûgel is oliifkleurich. De kop en it bealchje fan 'e fûgel is donker oliifgrien. Mantel en wjukken ha in brûnsgriene glâns. De snaffel is ljochtbrún. Om de eagen en de snaffelbasis is de fûgel donker.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet yn it súdwest fan it eilân Sao Tomee yn primêr bosk ûnder de 450 m. Alhoewol't der geskikt leefgebiet oant hichtes fan de 800 m beskikber is, wurdt de soarte de lêste tiid it measte waarnommen op 'e grins tusken primêr en sekundêr bosk en somtiden ek yn 'e buert fan palmplantaazjes. De fûgel siket syn iten yn flakke gebieten sûnder leechhout op 'e grûn, leafst op plakken dêr't wylde bargen de grûn omwrotten ha, en yn sompen by rivieren. It iten bestiet út wringeleaze dieren en slakken. Oer it brieden is net in soad bekend; yn 1997 binne twa nêsten ûntdutsen. Nachts sykje de fûgels in mienskiplike beam om yn te rêsten. De fûgel is fierder in rêstige fûgel sûnder in soad lûd te meitsjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kâns op útstjerren wurdt grut achte en de IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as krityk. In ûndersoarte fan 'e Sao Tomeeibis op it eilân Prinsipe stoar yn 'e 20e iuw út, wêrmei 't de kwetsberens en de kâns om út te stjerren foar fûgels mei in lyts leefgebiet ûnderstreke wurdt.
Foardat de fûgel wer op 'e nij waarnommen waard yn 'e delling fan 'e Ana Chaves yn 1990, wiene der mar in pear eksimplaren fan 'e soarte bekend. Yn maaie 1997 waarden twa pearkes en noch in fûgel en twa nêsten yn it bekken fan 'e Rios Ió Grande en Martim Mendes ûntdutsen. Twa oare fûgels binne yn 2007 yn it Obó Natural Park by Ribeira Peixe waarnommen. Fanwegen de sporadyske waarnimmings rûst BirdLife International de populaasje op 130 oant maksimaal 1700 folwoeksen fûgels.
Yn it ferline is in soad bosk kapt foar de oanlis fan kakao- en oaljeplantaazjes. Troch de foarse befolkingsgroei en it toerisme en útwreiding fan ynfrastruktuer wurdt der jimmeroan mear beslach op 'e natoer fan it eilân lein en wurdt der yn 'e beskerme gebieten yllegaal hout kapt. Dêrnjonken foarmje ynfierde bisten lykas ratten, apen, katten en wezelingen in gefaar foar de fûgel. Mar it grutste gefaar komt fan 'e jacht. Yn 1996/1997 waard 16 ibissen sketten en ek by ûndersyk yn 2007 wiene jagers yn it Obó Natural Park aktyf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Zwergolivenibis (ferzje 16 juny)
|