Lytse Wiid

Ut Wikipedy

It Lytse Wiid is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. It marke is troch de Feanskieding ferbûn mei it eastliker lizzende Nannewiid. De Feanskieding rint noch fierder troch nei It Hearrenfean.

De namme Lytse Wiid jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kleine Wijd.