Springe nei ynhâld

Lytse foksflinter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lytse Foksflinter)
lytse foksflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai foskes (Aglais)
soarte
Aglais urticae
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De lytse foksflinter (Aglais urticae) is in soarte yn it skaai fan de foskes (Aglais).

De lytse foksflinter hjit yn it Frysk ek wol Foske as Lytse Foks.

lytse foksflinter.

De lytse foksflinter is in algemiene stânflinter. De flinters komme soms foar yn grutte oantallen. Se binne faak te finen yn tunen. De flinter fertoant swalkgedrach.

De fleantiid: ein maaie - begjin augustus, en ein july - winter - april, foaral augustus.

Rûp

It liif fan de rûp is gieleftich griis; bytiden is de rûp donkerder. De kop is swart mei giele flekjes. Jonge rûpen meitsje spinselnêsten yn brânnettels. Dy spinsels binne maklik te finen; se binne faak te finen op iepen en sinnige plakjes. Folwoeksen rûpen libje allinnich.

De rûp fret fan de grutte brânnettel.