Springe nei ynhâld

Stânflinter

Ut Wikipedy

In stânflinter is in lânseigen flinter. Dat betsjut dat de hiele libbenssyklus fan de soarte yn Nederlân foarkomt.

De Nûmerflinter is gjin stânflinter.

Dêrby wurdt in flinter allinnich as stânflinter sjoen at dy it hiele jier troch yn Nederlân oerlibje kin, ek de winters.

De Nûmerflinter is in foarbyld fan in flinter dy’t hiel algemien foarkomt. Dochs is dit gjin stânflinter; de nûmerflinter oerlibbet de winters yn Nederlân net.

Oars is dat foar in oare tige algemiene flinter, de Deipauëach. De Deipauëach oerwinteret yn Nederlân, yn beammen en yn gebouwen. Dêrmei is dy yn Nederlân al in stânflinter.

De Deipauëach is in stânflinter.