Springe nei ynhâld

Foskes

Ut Wikipedy
Lytse Foksflinter.

De foskes, fokskes of foksflinters (Aglais) binne in skaai yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae). De foskes hawwe brúneftige wjukken, foar in part sels oranje, mei swarte streken op de foarrâne.

It skaai is yn 1816 ynfierd troch Johan Wilhelm Dalman yn syn Försök till systematisk uppställning af Sveriges fjärilar (Besyk ta systematyske yndieling fan Swedens flinters).

Resint ûndersyk jout oan dat mûglik ek de Deipauëach (Inachis io), ienichste soarte yn it skaai fan de Deipauëagen (Inachis), ta de Foskes heart. Mûglik moatte ek in pear fan de ûndersoarten fan de Lytse Foksflinter as aparte soarten yn it skaai fan de Foskes beskôge wurde.