Lyts-Fryslân
Lyts-Fryslân wie de namme fan de Ommelannen yn de hjoeddeistige provinsje Grinslân yn de sechstjinde iuw dy't troch jonkers brûkt waard om harren fan de namme Ommelannen ôf te setten dy't troch Grins brûkt waard om harren gebiet mei oan te tsjutten dy't se seagen as in ferwizing nei de Stêd (Stêd en Ommelannen).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Grins wie fan oarsprong in Drintsk/Saksysk doarp, wylst de Ommelannen Frysk wiene, alhoewol't der ek Frysktaligen yn de stêd wennen. Yn 1040 waard Grins mei Drinte troch de Roomsk-dútske keizer oan de Utertske biskop yn lien jûn. De stêd koe himsels yn de rin fan de tiid hieltyd mear ûnder it gesach fan de biskop weihelje en waard in de facto selsstannige stedssteat en presintearre himsels as in frije ryksstêd. Ek waard de stêd lid fan de Hânze, in ferbûn fan Noarddútske stêden. De stêd begûn him hieltyd mear mei de Fryske saken te bemuoien en beskôge himsels yn de snuorje fan de Fryske Frijheid gauris as in Fryske stêd. De ynfloed fan de Stêd oer de Ommelannen waard yn de rin fan de fyftjinde iuw hieltyd grutter. Yn 1378 sleat de stêd in ferbûn mei de krite Hunzegoa en yn 1482 sleaten de oare Ommelânske kriten dêr by oan. De kriten Aldamt en Westerwâlde kamen sels streekrjocht ûnder it bestjoer fan de stêd.
Troch de ynfloed fan de Hânze waard it Nederdútsk fan de stêd Grins stadichoan troch de Frysktalige Ommelanners oernommen. Nettsjinsteande de taalferoaring seagen de Ommelanners harsels hieltyd noch as Friezen en kearden se harren gauris tsjin de Saksyske stêd Grins.
Yn de tsierderijen tusken Skier en Fet rekke Grins ek by belutsen. Ek waarden der machten om utens by behelle. Doe't Albrecht fan Saksen de macht yn Westerlauwersk Fryslân bemachtige besocht er ek Grins en de Ommelannen te bemachtigjen. Dy rôpen de help yn earst fan de Eastfryske greve Edzard de Grutte en letter fan Karel fan Gelre, dy't as betingst foar syn help hear fan Stêd en Ommelannen erkend waard. Yn 1536 bemachtige Karel V fan Boergonje it gebiet en waard hear. De Ommelannen wiene net bliid om yn ien gewest mei de stêd te wêzen en fersetten harren tsjin de oerhearskjende posysje fan de stêd. Dêrom waard it gebrûk fan de namme "Lyts-Fryslân" troch de Ommelanners brûkt. De Ommelanners keazen de kant fan de Nederlânske Opstân om't Grins Spaanskgesind bleau. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 waarden de Stêd en de Ommelannen op it hjitten fan de Steaten-Generaal gearfoege ta it gewest Stêd en Lân.
De Ommelannen waarden yn 1795 by de Bataafske Revolúsje opheft en nei de Frânske tiid waarden de stêd en de Ommelannen gearfoege ta de provinsje Grinslân. Hjoed-de-dei is der fan de Fryske identiteit fan Grinslân net folle mear oer. It Fryske karakter is lykwols noch wol werom te kennen yn it gea, plaknammen, persoanenammen en yn de flagge en it wapen fan de Ommelannen dy't ek yn de flagge en it wapen fan Grinslân ferwurke binne. Ek binne der noch ferskate Fryske wurden werom te finen yn it Grinslânske dialekt.
Noard-Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1200 hinne skreau de Deenske skiedskriuwer Saxo Grammaticus oer de regio Frisia minor - lyts-Fryslân - yn Jutlân, ferwizende nei Noard-Fryslân.[1] De term bleau yn gebrûk oant de moderne tiid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|