Springe nei ynhâld

Lycklamastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lycklamastins)
Lycklamastate út 1720, tekene troch Stellingwerf.
Wolvegea ± 1850 mei Lycklamastate der op

De Lycklamastate lei destiids efkes beëasten Wolvegea, mar it plak leit no yn Wolvegea. De state waard oan it begjin fan de 17e iuw boud troch de famylje Lycklama à Nijeholt. Op it stee dêr't de state stie steane no huzen en in fersoargingshûs.

De state waard boud troch grytman Rinco fan Lycklama à Nijeholt. Hy wie de ôfstammeling fan Lyckle Eables Lycklama à Nijeholt, dy't it slot Friesburch yn Nijeholtpea bouwe liet. Rinco waard yn 1626 grytman fan it hjoeddeiske Weststellingwerf nei Marcus Lyclama, dy't foarhinne heechlearaar op de Universiteit fan Frjentsjer west hie.

Syn soan Agge wenne der letter yn, en hy liet in feart grave fan Nijeholtwâlde nei de Tsjonger, dy't de namme Lycklama Feart krige. Sa koe men troch dizze feart Wolvegea berikke. Mar yn 1736 wie de state yn in sa ferfallen steat dat it ôfbrutsen waard. Tsjintwurdich is der neat mear fan de state oer.