Luzonreadsturtsje
Luzonreadsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus bicolor | ||||||||||||
Ogilvie-Grant, 1894 | ||||||||||||
IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
It Luzonreadsturtsje (Phoenicurus bicolor) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e Muscicapidae (miggesnappers). It is in endemyske fûgel fan it Filipynske eilân Luzon.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 15 sm lange fûgel is fral blaueftich fan kleur. It mantsje hat in kastanjebrúne búk en stút en is read op 'e boppekant fan 'e sturt. De wjukken binne brúneftich. It blau fan it wyfke is oer it generaal fealer en it kastanjebrún fan it mantsje is by it wyfke brún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Luzonreadsturtsjes komme yn 'e berchtmes Cordillera Central en Sierra Madrefan op it eilân Luzon foar. Oan it begjin fan 'e jierren 1960 binne de fûgels in pear kear sjoen op Mindoro, mar nei 1965 ha dêr gjin waarnimmings mear west. It biotoop fan 'e fûgel foarmje de iggen fan heldere, hurdstreamende beken en rivierkes yn berchlân mei tropyske berchbosken boppe de 300 m boppe seenivo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in beheind ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt op 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels rûsd. De oantallen fan 'e Luzonreadsturtsjes rinne troch biotoopferlies tebek. It biotoop wurdt fral oantaast troch mybou en de dêrmei mank geande wetterfersmoarging en de kap fan bosk. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as hast bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|