Springe nei ynhâld

Luitje de Goed

Ut Wikipedy

Luitje de Goed (Adorp, 13 oktober 1853 - Beetstersweach, 7 maart 1926) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Grinslânsk komôf.

De Adelstsjerke

Luitje de Goed wie in soan fan timmerman Jakob Heines de Goed en Jantje Luitjes Braker[1]. Hy wie 24 jier doe't er boaske oan Geertje van der Veen (1854-1938) [2] Se krigen seis bern, dêr't fjouwer fan betiid ferstoaren, twa as lytse poppe en letter twa oan tuberkuloaze[3].

Yn 1878 waard De Goed polderopsichter fan de Grutte Feanpolder yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân.

Benammen foar de adel en pommeranten yn Beetstersweach ûntwurp er in oantal gebouwen, lykas teekoepels, wenten en pleatsen. In boerewent foar Fockensstate wie syn ûntwerp en alyksa de notariskoepel yn de tún efter it gemeentehûs.
De Goed syn meast bekende wurk is faaks de Adelstsjerke yn Ald Beets út 1889, dy't er ek fanwege de Beetstersweachske adel ûntwurp.

De Goed stoar yn de âldens fan 72 jier. Hy waard te hôf brocht yn Beetstersweach.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: