Springe nei ynhâld

Lucie Burgers

Ut Wikipedy
Lucie Burgers
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lucia Elisabeth Burgers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 oktober 1898
berteplak 's-Heerenberg (Gelderlân)
stoarn 1974
stjerplak Arnhim
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
Súdgeldersk
wurkpaad
berop/amt dieretúndirekteur
jierren aktyf 19391968

Lucie Burgers (folút: Lucia Elisabeth Burgers; ('s-Heerenberg, 15 oktober 1898Arnhim, 7 juny 1974) wie in Nederlânsk ûndernimster en de direktrise fan 'e Arnhimske dieretún Burgers' Dierenpark.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burgers waard yn 1898 yn Gelderlân berne as de jongste fan 'e trije dochters fan Johan Burgers, de stifter fan Burgers' Dierenpark. Se troude mei Reinier van Hooff (1893-1966), mei wa't se trije bern krige: soannen Antoon van Hooff en Jan van Hooff en dochter Johanna van Hooff. Yn 1939 namen Burgers en de man it bewâld oer de dieretún oer fan har heit.

Under de Twadde Wrâldoarloch en yn 't bysûnder troch de Slach om Arnhim, yn it neijier fan 1944, waard Burgers' Dierepark swier troffen. Twatrêde part fan it bistebeslach fûn dêrby de dea. It wiene Burgers en har man dy't nei ôfrin fan 'e oarloch fan 1945 ôf de dieretún wer opbouden. Begjin 1960-er jierren waard Burgers har man slim siik, en yn 1966 ûntfoel er har. Twa jier letter, yn 1968, droech se de lieding oer Burgers' Dierepark oer oan har soan Antoon en dy syn frou Greet.

Lucie Burgers kaam yn 1974 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 76 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliografie, op dizze side.