Springe nei ynhâld

Burgers' Zoo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Burgers' Dierenpark)
Burgers' Zoo
  dieretún
Yngong Burgers' Zoo (2013)
Yngong Burgers' Zoo (2013)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
gemeente Arnhim
plak Arnhim
adres Antoon van Hooffplein
koördinaten 52° 0' NB, 5° 54' EL
bysûnderheden
type tradisjonele dieretún
oerflak 45 ha
tal bisten 3.210
tal soarten 462
netwurk(en) WAZA, EAZA, NVD
skiednis
hist. namme Faisantarie Buitenlust
Burgers' Dierenpark,
iepening 1913
offisjele webside
Webstee Burgers'Zoo
kaart
Burgers' Zoo (Arnhim)
Burgers' Zoo
De lokaasje fan Burgers' Zoo yn Arnhim.

Burgers' Zoo (folút Keninklike Burgers' Zoo) is in bistetún yn Arnhim. Oarspronklik hjitte de bistetún "Burgers' Dierenpark" en wurdt faak koartwei "Burgers" neamd. It park is opdield yn seis temagebieten.

Yn 1913 iepene Johan Burgers syn ynternasjonaal ferneamde fazantery, mei de namme "Faisantarie Buitenlust", foar it publyk yn syn wenplak 's-Heerenberg. Dit markearre it begjin fan Burgers' Zoo. Yn 1923 krige Burgers de mooglikheid om in grut terrein yn de stêd Arnhim te brûken, dêr't er syn fyzje op it hâlden fan bisten, ynspirearre troch Carl Hagenbeck, yn de praktyk bringe koe. Dat hold yn dat de bisten, ynklusyf de rôfbisten, net efter traaljes, mar op iepen terrassen en yn falleien holden waarden, skieden fan de besikers troch brede grêften. De enoarme keunstmjittige rotspartijen, dy't lange tiid it gesicht fan it bistepark bepaalden, moasten yn de tachtiger jierren wike foar nije projekten lykas de "Bush", de "Desert" en de "Rimba".

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich rûn it park in protte skea op, benammen yn de Slach om Arnhim yn septimber 1944 en de perioade dêrnei oant maaie 1945, doe't Arnhim evakuearre wie. In part fan de evakuees fûn ûnderdak yn it tichteby lizzende Iepenloftmuseum. De doetiidske direkteuren, Lucie Burgers (dochter fan de oprjochter) en har man Reinier van Hooff, wisten it park troch dizze drege perioade hinne te loadsen. Al kamen twa bistefersoargers en in grut tal bisten om yn de kriich.

Nei de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Wrâldoarloch rûn BurgersZoo yn Nederlân foarop yn it fernijen fan it hâlden fan eksoatyske bisten yn groepen. Dat begûn mei de iepening fan in liuwepark yn 1968. Besikers koene yn harren eigen auto troch in grut boslânskip ride, dêr't de liuwen frij omrûnen. Letter waard dit útwreide ta it Safaripark, dêr't besikers fan in galery ôf rinnende de Afrikaanske savannebewenners (lykas sjiraffen, sebra's, antilopen, noashoarns) besjen koene. Yn 1971 waard it sjimpansee-eilân yn gebrûk naam, dêr't foar it earst in grutte sosjale koloanje fan sjimpansee's hâlden waard mei in natuerlike gearstalling fan meardere folwoeksen manlju en froulju yn ien groep.

Under lieding fan pakesizzer Antoon van Hooff waard om 1988 hinne in nije presintaasjemetoade foar bisten yntrodusearre. Yn tige grutte hallen waarden biste- en plantesoarten út in bepaald lânskip byinoar brocht, lykas it tropysk reinwâld ("Bush", iepene yn 1988) of in woestyn yn Noard-Amearika ("Desert", iepene yn 1994). Dit makket dat it park minder ôfhinklik is fan de simmermoannen foar omset. Yn 2004 naam Alex van Hooff soan fan Antoon van Hooff, de lieding fan it park oer. July 2017 waard de "Mangrove" iepene, in tropysk floedbosk.

It neibouwen fan in leefgebiet op grutte skaal stelt Burgers' Zoo yn steat om bisten en planten dy 't yn sa'n habitat thúshearre mei-inoar ûnder te bringen. De grutte omfang fan dy neimakke gebieten draacht by oan in natuertrouwere yndruk. It komt foar dat bepaalde organismen inoar bedrige of dat planten troch bisten skansearre of iten wurde. Troch dizze presintaasjemetoade kinne besikers echt op syk gean nei de bisten en planten. Sawol de floara as fauna wurde sa realistysk mooglik presintearre.

"Safari"

Iepene yn 1968 in leefgebiet foar savanne bisten. Stie earst bekend as "Liuwenpark". Yn 1969 feroare de namme yn "Safaripark" en it wie doe it earste safarypark op it Europeeske fêstelân. Earst koene besikers mei de auto tusken de bisten trochride; letter, oant 1995, wie der in safari-treintsje. Sûnt 1995 is it gebiet allinne noch mar rinnende te besikejen. De kuierrûte omfettet in 250 meter lange oerdekte rinbrêge, dy't ferbûn is mei de "Bush".

"Bush"

In oerdutsen romte fan oardel hektare, dêr't in stikje tropysk reinwâld yn neimakke is, dêr't sawol minske as bist frij yn omrinne kinne. Dizze romte, iepene yn 1988, biedt besikers in yndruk fan hoe't in reinwâld derút sjocht. In soad bisten yn dit biotoop hawwe gjin fêst wenplak, wêrtroch besikers se op ferskate plakken tsjinkomme kinne, wêrûnder op de paden.

"Mangrove"

In hal dy 't ynrjochte is as tropysk floedbosk. Sa'n mangrovebosk wurdt by heechwetter foar in part oerspield mei seewetter. By leechwetter is foaral ien mei beammen en strûken begroeide modderflakte sichtber. De âlde mangrove iepene yn 1992 mar yn 2017 iepene de nije mangrove, op it plak fan de âlde fûgelferbliuwen. De eardere mangrove út 1992 waard datselde jier ôfbrútsen.

"Desert"

In oerdutsen romte fan 7500m2 dêr’t de Sonorawoestyn en Mojavewoestyn fan Arizona, Feriene Steaten en it noarden fan Meksiko yn neidien is. De Desert, waard iepene yn 1994, is de twadde grutte hal fan Burgers' Zoo en is fia in tunnel ferbûn mei de "Bush".

"Ocean"

In akwarium mei in ynhâld fan goed acht miljoen liter mei sawol floara (benammen algen) as fauna fan de oseaan fan Súdeast-Aazje. Ocean waard yn 2000 iepene en is allinnich tagonklik fia de "Bush".

"Rimba"

Herberget bistesoarten út it Súdeast-Azijaatysk reinwâld. Ek binne der in protte beammen, strûken en krûden út dizze regio oanplante. De Rima is yn 2008 iepene ta gelegenheid fan it 95-jierrich bestean fan de Bistetún.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL