Lowell Observatory Near-Earth-Object Search

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Lowell Observatory Near-Earth-Object Search (LONEOS) wie in Amerikaansk projekt om kometen, planetoïden en dan fral ierdskearders te finen. It projekt, dat stipe waard troch de NASA, waard laat troch Ted Bowell fan it Lowell-observatoarium yn Flagstaff, Arizona. It LONEOS-projekt waard mei út ein set yn 1993 en duorre oant febrewaris 2008.

Hardware[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

LONEOS, brûkte in 0,6-meter trochsneed f/1.8 Schmidt teleskoop, dy't se yn 1990 wisten te besetten fan Ohio Wesleyan University, en in 16 megapiksel CCD detektor. Dêrmei wie in sichtfjild dat 2,88 by 2,88 graden bestruts. De nacht koe it sa'n 1.000 kante graden oan gesichtsfjild waarnimme (fjouwer kear observearje). Dat komt del op de folsleine, op in inkelt stuit, sichtbere romte yn ûngefear ien moanne tiid. Planetoïden binne fûn oant in fisuele magnitude fan 19,8, mar de minimale limyt nedich foar observaasje wie 19,3.

Untdekkingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tal ierdskearder dat by ferkate projekten fûn binne tusken 1995-2012 (LONEOS - giel)

De tabel hjirûnder jout de observaasjes fan LONEOS it jier. Der steane ek observaasjes by fan al earder ûntdutsen objekten. Om de kwaliteit en folsleinens fan de observaasjes te beoardielen waard ferlike mei it tal objekten mei in trochsneed grutter as 1 kilometer. Guon fakjes hawwe dêrom ta sifers. It getal efter de slash (/) jout objekten grutter as 1 kilometer diameter.

Jier Tal planetoïden NEAs PHAs Atens Apollos Amors Kometen
1998 122550 7/4 0 0/0 3/2 4/2 1
1999 128220 14/7 5 2/2 6/3 6/2 6
2000 271237 38/10 4 3/0 18/5 17/5 6
2001 626976 42/11 9 4/0 17/4 21/7 7
2002 407064 21/4 3 3/1 9/0 9/3 3
2003 720528 54/10 17 5/1 26/3 23/6 2
2004 716152 39/4 9 5/0 22/4 12/0 4
2005 820609 42/4 8 6/0 15/1 21/3 8
2006 679927 19/1 2 0/0 11/1 8/0 2
2007 630469 12/0 2 2/0 4/0 6/0 3
2008 88953 1/0 0 0/0 1/0 0/0 0
Total 5212685 289/55 59 30/4 131/23 127/28 42

LONEOS meidoggers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lowell meidoggers:

  • Edward Bowell: Wichtichste ûndersiker
  • Bruce Koehn: kompjûter programmearring
  • Brian Skiff, Bill Ferris, Mike Van Ness, Shawn Hermann: Profesjonele observators
  • Christopher Onken, Jennifer Palguta, Wendy Kelly, Jason Sanborn, Thomas Grimstad, Lori Levy, Robert Cash, George Bliss, James Ashley: Frijwillige observators

Oare meidoggers:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]