Universiteit fan Helsinki
Universiteit fan Helsinki | ||
It haadgebou oan it Senaatsplein | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | University of Helsinki | |
Latynske namme | Universitas Helsingiensis | |
Lokaasje | ||
Lân | Finlân | |
Plak | Helsinki | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1640 yn Turku | |
Rektor | Jari Niemelä | |
Tal studinten | 36.498 (20-9-2011) | |
Netwurken | Utrecht Network, UNICA, Europaeum, LERU | |
Offisjele webside | ||
www.helsinki.fi |
De Universiteit fan Helsinki (Finsk: Helsingin yliopisto; Sweedsk: Helsingfors Universitet) is de grutste universiteit en âldste fan Finlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Universiteit fan Helsinki is sûnt 1829 yn Helsinki fêstige, mar waard al yn 1640 stichte yn Turku as de Keninklike Akademy fan Turku. It wie de trêde universiteit yn it Sweedske Ryk nei de Universiteit fan Uppsala en de Academia Gustaviana yn Tartu, de foargonger fan de Universiteit fan Tartu yn Estlân.
Yn 1809 waard Finlân in selsstannich grutfoarstendom yn it Russyske Ryk; dêrom moast de namme fan de Akademy fan Turku feroare wurde yn Keizerlike Akademy fan Turku. Nei de grutte brân fan Turku yn 1827 en it ferpleatsen fan de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân nei Helsinki, waard de universiteit dêr yn 1829 ek festige en fan tsaar Nikolaas I omdoopt ta Keizerlike Alexander-Universiteit an Finlân, ta eare fan syn ferstoarne broer en foargonger tsaar Aleksander I fan Ruslân. De universiteit wie yn de 19e iuw it kultuerele sintrum fan Finlân. Doe't Finlân yn 1917 ûnôfhinklik waard krige de universiteit har hjoeddeiske namme.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadgebou waard tusken 1828 en 1832 troch Carl Ludwig Engel boud en yn 1936 útwreide. Benoarden it haadgebou leit de ek troch Engel ûntwurpen universiteitsbibleteek.
De universiteit hat fjouwer haadkampussen. Oarspronklik lei de hiele universiteit yn it sintrum fan Helsinki, mar benammentlik yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw waard om reden fan de hurde groei útwreide nei oare parten fan de stêd. Yn de jierren santich waard besletten om de aktiviteiten fan de universiteit op fjouwer kampussen by elkoar te bringen: it sintrum, Meilahti, Kumpula en Viikki.
Fakulteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Universiteit fan Helsinki is ferdield yn alve fakulteiten. De universiteit brûkt in offisjele folchoarder, dy't in ôfspegeling is fan sawol de skiednis fan de universiteit as fan de hierargy fan de disiplines doe't de universiteit stifte waard:
- Godgeleardheid
- Rjochten
- Genêskunde
- Letteren
- Eksakte wittenskippen
- Farmasy
- Biology
- Gedrachswittenskippen
- Sosjale wittenskippen
- Lân- en Boskbou
- Bistegenêskunde
Bekende studinten en heechleararen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme | Libbensjierren | Details |
---|---|---|
Liisa Ahtee | (1933) | Farmakology, pionier op it mêd fan farmakalogysk ûndersyk yn Finlân. Albert Wuokko-priiswinner yn 1999.[1] |
Lars Ahlfors | (1907–1996) | Wiskundige, ien fan de twa dy't yn 1936 de Fields Medal krigen |
Emma Irene Åström | (1847–1934) | Earste frou dy't ôstudearre yn Finlân |
Tancred Borenius | (1885–1948) | Keunsthistoarikus en diplomaat |
Anders Chydenius | (1729–1803) | Preester, ekonoom en politikus |
Anders Donner | (1854–1938) | Astronoom |
Gustav Elfving | (1908–1984) | Wiskundige en statistikus |
Ragnar Granit | (1900–1991) | Nobelpriiswinner (Fysiology en medisinen, 1967) |
Hugo Gyldén | (1841–1896) | Astronoom |
Tarja Halonen | (1943–) | Abbekaat en earder presidint fan Finlân (2000–2012) |
Rosina Heikel | (1842–1929) | Earste Finske frouljus dokter, feministe |
Pekka Himanen | (1973–) | Filosoof |
Jaakko Hintikka | (1929–) | Filosoof en logikus |
Bengt R. Holmström | (1949–) | Ekonoom |
Jukka Jernvall | (1963–) | Evolúsjebiolooch |
Kari Karhunen | (1915–1992) | Wiskundige |
Urho Kaleva Kekkonen | (1900–1986) | Earder minister-presidint (1950–1953, 1954–1956) en earder prisidint fan Finlân (1956–1982) |
Elina Kahla | (1960) | akademika, skriuwster |
Aleksis Kivi | (1834–1872) | Skriuwer |
Nils Kock | (1924–2011) | Sjirurch en betinker fan de Kockpûde-proseduere by ileostomy |
Björn Kurtén | (1924–1988) | Paleöntolooch |
Jarl Lindeberg | (1876–1932) | Wiskundige |
Ernst Lindelöf | (1870–1946) | Wiskundige |
Elias Lönnrot | (1802–1884) | Samler fan Kalevala |
Rolf Nevanlinna | (1895–1980) | Wiskundige |
Adolf Erik Nordenskiöld | (1832–1901) | Geolooch en poalûndersiker |
Jorma Ollila | (1950–) | Earder foaroanman by Nokia en Royal Dutch Shell |
Juho Kusti Paasikivi | (1870–1956) | Earder presidint fan Finlân (1946–1956) |
Lauri Kristian Relander | (1883–1942) | Earder presidint fan Finlân (1925–1931) |
Risto Ryti | (1889–1956) | Earder presidint fan Finlân (1940–1944) |
Esa Saarinen | (1953–) | Filosoof |
Jean Sibelius | (1865–1957) | Komponist |
Juha Sihvola | (1957–2012) | Filosoof en histoarikus |
Frans Emil Sillanpää | (1888–1964) | Nobelpriiswinner (Nobelpriis foar de Literatuer, 1939) |
Kaarlo Juho Ståhlberg | (1865–1952) | Earder presidint fan Finlân (1919–1925) |
Karl Fritiof Sundman | (1873–1949) | Astronoom |
Pehr Evind Svinhufvud | (1861–1944) | Politikus, earder presidint fan Finlân (1931–1937) |
Zacharias Topelius | (1818–1898) | Skriuwer en histoarikus |
Linus Torvalds | (1969–) | Softwareyngenieur en ûntwikkeler fan Linux |
Artturi Ilmari Virtanen | (1895–1973) | Nobelpriiswinner (Nobelpriis foar de Skiekunde, 1945) |
Jussi V. Koivisto | (1965–) | Ekonoom en ûnderwiisman |
Mika Waltari | (1908–1979) | Romanskriuwer |
Georg Henrik von Wright | (1916–2003) | Filosoof en foarsitter fan de Akademy fan Finlân |
Juha Hernesniemi | (1947–) | Neurosjirurch |
Rektors
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rektors | |
---|---|
Waldemar Ruin | 1915–1920 |
Ivar August Heikel | 1920–1922 |
Hugo Suolahti | 1923–1926 |
Antti Tulenheimo | 1926–1931 |
Robert Brotherus | 1931–1938 |
Kaarlo Linkola | 1938–1941 |
Rolf Nevanlinna | 1941–1945 |
Arthur Långfors | 1945–1950 |
Erik Lönnroth | 1950–1953 |
Paavo Ravila | 1953–1956 |
Edwin Linkomies | 1956–1962 |
Erkki Kivinen | 1962–1971 |
Mikko Juva | 1971–1973 |
Ernst Palmén | 1973–1978 |
Nils Oker-Blom | 1978–1983 |
Olli Lehto | 1983–1988 |
Päiviö Tommila | 1988–1992 |
Risto Ihamuotila | 1992–1996 |
Kari Raivio | 1996–2003 |
Ilkka Niiniluoto | 2003–2008 |
Thomas Wilhelmsson | 2008–2013 |
Jukka Kola | 2013–2018 |
Jari Niemelä | 2018– |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Universiteit fan Helsinki fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |