Springe nei ynhâld

Universiteit fan Helsinki

Ut Wikipedy
Universiteit fan Helsinki
It haadgebou oan it Senaatsplein
It haadgebou oan it Senaatsplein
Namme
Ynternasjonale namme University of Helsinki
Latynske namme Universitas Helsingiensis
Lokaasje
Lân Finlân
Plak Helsinki
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1640 yn Turku
Rektor Jari Niemelä
Tal studinten 36.498 (20-9-2011)
Netwurken Utrecht Network, UNICA, Europaeum, LERU
Offisjele webside
www.helsinki.fi
It ynstitút fan Gedrachswittenskippen fan de universiteit

De Universiteit fan Helsinki (Finsk: Helsingin yliopisto; Sweedsk: Helsingfors Universitet) is de grutste universiteit en âldste fan Finlân.

De Universiteit fan Helsinki is sûnt 1829 yn Helsinki fêstige, mar waard al yn 1640 stichte yn Turku as de Keninklike Akademy fan Turku. It wie de trêde universiteit yn it Sweedske Ryk nei de Universiteit fan Uppsala en de Academia Gustaviana yn Tartu, de foargonger fan de Universiteit fan Tartu yn Estlân.

Yn 1809 waard Finlân in selsstannich grutfoarstendom yn it Russyske Ryk; dêrom moast de namme fan de Akademy fan Turku feroare wurde yn Keizerlike Akademy fan Turku. Nei de grutte brân fan Turku yn 1827 en it ferpleatsen fan de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân nei Helsinki, waard de universiteit dêr yn 1829 ek festige en fan tsaar Nikolaas I omdoopt ta Keizerlike Alexander-Universiteit an Finlân, ta eare fan syn ferstoarne broer en foargonger tsaar Aleksander I fan Ruslân. De universiteit wie yn de 19e iuw it kultuerele sintrum fan Finlân. Doe't Finlân yn 1917 ûnôfhinklik waard krige de universiteit har hjoeddeiske namme.

It haadgebou waard tusken 1828 en 1832 troch Carl Ludwig Engel boud en yn 1936 útwreide. Benoarden it haadgebou leit de ek troch Engel ûntwurpen universiteitsbibleteek.

De universiteit hat fjouwer haadkampussen. Oarspronklik lei de hiele universiteit yn it sintrum fan Helsinki, mar benammentlik yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw waard om reden fan de hurde groei útwreide nei oare parten fan de stêd. Yn de jierren santich waard besletten om de aktiviteiten fan de universiteit op fjouwer kampussen by elkoar te bringen: it sintrum, Meilahti, Kumpula en Viikki.

De Universiteit fan Helsinki is ferdield yn alve fakulteiten. De universiteit brûkt in offisjele folchoarder, dy't in ôfspegeling is fan sawol de skiednis fan de universiteit as fan de hierargy fan de disiplines doe't de universiteit stifte waard:

  1. Godgeleardheid
  2. Rjochten
  3. Genêskunde
  4. Letteren
  5. Eksakte wittenskippen
  6. Farmasy
  7. Biology
  8. Gedrachswittenskippen
  9. Sosjale wittenskippen
  10. Lân- en Boskbou
  11. Bistegenêskunde

Bekende studinten en heechleararen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Libbensjierren Details
Liisa Ahtee (1933) Farmakology, pionier op it mêd fan farmakalogysk ûndersyk yn Finlân. Albert Wuokko-priiswinner yn 1999.[1]
Lars Ahlfors (1907–1996) Wiskundige, ien fan de twa dy't yn 1936 de Fields Medal krigen
Emma Irene Åström (1847–1934) Earste frou dy't ôstudearre yn Finlân
Tancred Borenius (1885–1948) Keunsthistoarikus en diplomaat
Anders Chydenius (1729–1803) Preester, ekonoom en politikus
Anders Donner (1854–1938) Astronoom
Gustav Elfving (1908–1984) Wiskundige en statistikus
Ragnar Granit (1900–1991) Nobelpriiswinner (Fysiology en medisinen, 1967)
Hugo Gyldén (1841–1896) Astronoom
Tarja Halonen (1943–) Abbekaat en earder presidint fan Finlân (2000–2012)
Rosina Heikel (1842–1929) Earste Finske frouljus dokter, feministe
Pekka Himanen (1973–) Filosoof
Jaakko Hintikka (1929–) Filosoof en logikus
Bengt R. Holmström (1949–) Ekonoom
Jukka Jernvall (1963–) Evolúsjebiolooch
Kari Karhunen (1915–1992) Wiskundige
Urho Kaleva Kekkonen (1900–1986) Earder minister-presidint (1950–1953, 1954–1956) en earder prisidint fan Finlân (1956–1982)
Elina Kahla (1960) akademika, skriuwster
Aleksis Kivi (1834–1872) Skriuwer
Nils Kock (1924–2011) Sjirurch en betinker fan de Kockpûde-proseduere by ileostomy
Björn Kurtén (1924–1988) Paleöntolooch
Jarl Lindeberg (1876–1932) Wiskundige
Ernst Lindelöf (1870–1946) Wiskundige
Elias Lönnrot (1802–1884) Samler fan Kalevala
Rolf Nevanlinna (1895–1980) Wiskundige
Adolf Erik Nordenskiöld (1832–1901) Geolooch en poalûndersiker
Jorma Ollila (1950–) Earder foaroanman by Nokia en Royal Dutch Shell
Juho Kusti Paasikivi (1870–1956) Earder presidint fan Finlân (1946–1956)
Lauri Kristian Relander (1883–1942) Earder presidint fan Finlân (1925–1931)
Risto Ryti (1889–1956) Earder presidint fan Finlân (1940–1944)
Esa Saarinen (1953–) Filosoof
Jean Sibelius (1865–1957) Komponist
Juha Sihvola (1957–2012) Filosoof en histoarikus
Frans Emil Sillanpää (1888–1964) Nobelpriiswinner (Nobelpriis foar de Literatuer, 1939)
Kaarlo Juho Ståhlberg (1865–1952) Earder presidint fan Finlân (1919–1925)
Karl Fritiof Sundman (1873–1949) Astronoom
Pehr Evind Svinhufvud (1861–1944) Politikus, earder presidint fan Finlân (1931–1937)
Zacharias Topelius (1818–1898) Skriuwer en histoarikus
Linus Torvalds (1969–) Softwareyngenieur en ûntwikkeler fan Linux
Artturi Ilmari Virtanen (1895–1973) Nobelpriiswinner (Nobelpriis foar de Skiekunde, 1945)
Jussi V. Koivisto (1965–) Ekonoom en ûnderwiisman
Mika Waltari (1908–1979) Romanskriuwer
Georg Henrik von Wright (1916–2003) Filosoof en foarsitter fan de Akademy fan Finlân
Juha Hernesniemi (1947–) Neurosjirurch
Rektors
Waldemar Ruin 1915–1920
Ivar August Heikel 1920–1922
Hugo Suolahti 1923–1926
Antti Tulenheimo 1926–1931
Robert Brotherus 1931–1938
Kaarlo Linkola 1938–1941
Rolf Nevanlinna 1941–1945
Arthur Långfors 1945–1950
Erik Lönnroth 1950–1953
Paavo Ravila 1953–1956
Edwin Linkomies 1956–1962
Erkki Kivinen 1962–1971
Mikko Juva 1971–1973
Ernst Palmén 1973–1978
Nils Oker-Blom 1978–1983
Olli Lehto 1983–1988
Päiviö Tommila 1988–1992
Risto Ihamuotila 1992–1996
Kari Raivio 1996–2003
Ilkka Niiniluoto 2003–2008
Thomas Wilhelmsson 2008–2013
Jukka Kola 2013–2018
Jari Niemelä 2018–

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Katriina Vuolteenaho (redaksje), Suomen Farmakologiyhdistyksen jäsenlehti yn Transmitteri. April 2008, diel 25, ûnderwerp nû 88, side 5 Pdf