Edward L. G. Bowell

Ut Wikipedy

Edward L.G. "Ted" Bowell (Londen, 1943) is in Amerikaanske astronoom. Bowell studearre oan de Emanuel School yn Londen, it University College yn Londen en de Universiteit fan Parys.

Hy wie haadûndersiker fan de Lowell Observatory Near-Earth-Object Search (LONEOS). Hy hat in grut tal asteroïden ûntdutsen, sawol as ûnderdiel fan LONEOS as op persoanlike titel foardat LONEOS begûn. Ta dy lêste hearre de Joviaanske asteroïden 2357 Phereclos, 2759 Idomeneus, 2797 Teucer, 2920 Automedon, 3564 Talthybius, 4057 Demophon en (4489) 1988 AK. Hy wie ek meiûntdekker fan de periodike komeet 140P/Bowell-Skiff en de net-periodike komeet C/1980 E1.

De bûtenste asteroïde 2246 Bowell fan de Planetoïdegurdle waard nei him neamd. De offisjele nammejouwing waard publisearre op 1 jannewaris 1981.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: