Louise fan Sweden (1851-1926)
Appearance
Louise Josephine Eugenie fan Sweden (Stokholms slot, 31 oktober 1851 - Amalienborg (Kopenhagen), 20 maart 1926) wie keninginne fan Denemark.
Se wie de dochter fan de Sweedske kening Karel XV en syn frou Louise fan de Nederlannen. Troch yntimy waard hja Sessa neamd. Se waard troch har âlden tige strang en iensum grutbrocht, har ienige broerke ferstoar jong wêrtroch't se allinnich oer bleau.
Op 28 july 1869 op 18-jarige leeftiid boaske se yn Stokholm mei de Deenske kroanprins Freark.
It pear krige acht bern:
- Kristiaan X (26 septimber 1870 - 20 april 1947), kening fan Denemark
- Karel, alias Haakon VII (3 augustus 1872 - 21 septimber 1957), kening fan Noarwegen
- Louise Karoline (17 febrewaris 1875 - 4 april 1906), grevinne fan Schaumburg
- Harald Kristiaan Freark (8 oktober 1876 - 30 maart 1949) prins fan Denemark
- Ingeborg Charlotte (2 augustus 1878 - 12 maart 1958), troud mei Karel fan Sweden
- Thyra Louise (14 maart 1880 - 2 novimber 1945), prinsesse fan Denemark
- Gustaaf (4 maart 1887 - 5 oktober 1944), prins fan Denemark
- Dagmar Louise (23 maaie 1890 - 11 oktober 1961), prinsesse fan Denemark
Kategoryen:
- Gemaal fan in kening fan Denemark
- Lid fan it Sweedske keningshûs
- Deensk persoan fan Sweedsk komôf
- Deensk persoan fan Dútsk komôf
- Deensk persoan fan Frânsk komôf
- Deensk persoan fan Nederlânsk komôf
- Sweedsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Sweedsk persoan fan Dútsk komôf
- Sweedsk persoan fan Frânsk komôf
- Persoan berne yn 1851
- Persoan stoarn yn 1926