Loekie van Maaren-van Balen
Loekie van Maaren-van Balen | ||
politikus | ||
Loekie van Maaren as boargemaster fan Weert | ||
echte namme | Louisa Bernardina Maria van Maaren-van Balen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 9 maart 1946 | |
berteplak | Wormerveer | |
Gemeenteriedslid fan Haarlim | ||
amtsperioade | 1978 - 1991 | |
Wethâlder fan Haarlim | ||
amtsperioade | 1982 - 1990 | |
Boargemaster fan Weert | ||
amtsperioade | 1991 - 1999 | |
Boargemaster fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1999 - 2001 | |
foargonger | Haijo Apotheker | |
opfolger | Margreeth de Boer |
Louisa Bernardina Maria (Loekie) van Maaren-van Balen (Wormerveer, 9 maart 1946) is in earder Nederlânsk politikus. Hja waard lanlik bekend as boargemaster fan Ljouwert.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Maaren sette mei har karriêre útein as maatskiplik opbouwurkster. Fan 1978 oant 1991 wie se gemeenteriedslid foar de PvdA yn Haarlim, dêr't se acht jier as wethâlder (1982-1990) fan wie. Yn 1991 waard se boargemaster fan it Limboarchske Weert.
Boargemaster fan Ljouwert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein 1998 kaam de boargemasterspost yn Ljouwert frij, nei't Haijo Apotheker de minister fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij waard. Van Maaren liet har ynteresse sjen want de Fryske haadstêd hie doetiids in hege wurkleazens, ferâldere wentebestân en in amtlik apparaat dat nei in reorganisaasje noch net goed funksjonearret. De betrouwenskommisje ûnder lieding fan Peter den Oudsten fûn dat se foldie oan har profylskets en joech unanym de oanrekommandaasje dat se de bêste gadingmakker wie, itjinge de gemeenteried oannaam. Al fuortendaliks nei't se ynstallearre wie gie it ferkeard; hja krige krityk fan de gemeenterried, wethâlders en amtnerij. Van Maaren soe gjin liederskip sjen litte, gearkomsten net goed tariede en gaoatysk wêze. Spesifyk krityk krige se doe't se in amtner fan de boargerlike stân mei gewissebeswier tsjin it homohoulik gewurde te litten en in skoftke letter troch it ferfangen fan de gemeentesekretaris sûnder it de gemeenteried dêrfan op 'e hichte te bringen.
By de simmerskoft fan 2001 hat Van Maaren, neffens oare kollegaleden sûnder har meiwitten, de belestingôfdieling fan de gemeente trochljoctsje te litten troch in boekhâldkantoar om utens. De útslaggen wiene ferneatigjend: Ljouwert drige troch allegear flaters hast 23 miljoen euro oan ûnreplik goedbelesting (OZB) misrinne. De wethâlders woene it rapport temûk hâlde, dochs Van Maaren wie it dêr net mei iens. Hja ljochte kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels yn dy't har ynearsten stipe. By in besprekking fan de OZB-affêre op 11 septimber 2001 kaam nei foarren dat de wethâlders woene dat Van Maaren opstappe soe. Nijpels stipe de wethâlders ditkear. De geheime ûnderhannelings oer in ôffloeiïnsgregeling lekten op 15 oktober 2001 út en op 19 oktober dat jiers stapte se offisjeel op. Fan it politike debat oer har ûntslach is se foar't it dien wie dêr by útrûn om nei eigen sizzen in Bearenburch drinken te gean.
Yn 2003 publisearre se it boek Hoezo Burgemeester (mei as ûndertitel Ervaringen van de burgemeester fan Leeuwarden 1999 - 2001 (Underfinings fan de boargemaster fan Ljouwert 1999-2001)) oer de yn har eagen sletten bestjoerskultuer fan de gemeente. Yn 1997 skreau se earder it boek Te veel vrouw oer har perioade yn Haarlim.
Van Maren ferhuze mei har man werom nei Weert. It lidmaatskip fan de PvdA hat se opsein.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Loekie van Maaren-van Balen fan Wikimedia Commons. |