Liverpool Metropolitan Cathedral

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Metropolitane Kristus-Keningkatedraal

Metropolitan Cathedral of Christ the King

Metropolitan Cathedral - panoramio.jpg
lokaasje
lân Flag of England.svg Ingelân
County Merseyside CoA.svg Merseyside
plak Coat of arms of Liverpool City Council.png Liverpool
adres Cathedral House, Mount Pleasant, Liverpool L3 5TQ,
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 20e iuw
arsjitekt Sir Edwin Lutyens (krypte), Sir Frederick Gibberd
oare ynformaasje
hichte 84,86 meter
webside Side katedraal

De Metropolitane Katedraal Kristus-Kening (Ingelsk: Metropolitan Cathedral of Christ the King) yn de Ingelske stêd Liverpool is de katedraal fan it roomsk-katolike aartsbisdom Liverpool. De katedraal, dy't ek tsjinnet as de parochytsjerke fan de stêd, leit njonken it Liverpool Workhouse yn de Hope Street.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Grutte Hongersneed yn Ierlân (1845-1852), dy't in soad katolike Ieren nei Ingelân dreau, en it herstel fan de katolike hiërargy yn Ingelân, joech biskop Goss yn 1853 opdracht oan Edward Welby Pugin in nije katedraal te bouwen. Edward Welby Pugin wie de soan fan Augustus Welby Pugin, in arsjitekt dy't útblonk yn de neogoatyske boustyl en ek meiwurke hie oan it Paleis fan Westminster (Palace of Westminster; ek Houses of Parliament). De Marijekapel fan de nije katedraal waard yn 1856 oplevere, mar troch jildbrek kaam der in ein oan de bou fan de katedraal. Dêrnei tsjinne de Marijekapel oant de ôfbraak yn de jierren 1980 as parochytsjerke.

Untwerp fan Edwin Lutyens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It net útfierde model fan Lutyens

Doe't it aartsbisdom yn 1930 in grutte lape grûn fan 36.000 m² oankeapje koe waard de arsjitekt Edwin Lutyens (1869–1944) frege om in ûntwerp te meitsjen dat meunsterje koe mei de fan Giles Gilbert Scott ûntwurpen neogoatyske Anglikaanske katedraal, dy't fierderop oan de Hope Street feriisde. Lutyens levere in ûntwerp dat de op ien nei grutste tsjerke fan 'e wrâld wurde moast. De katedraal soe mei in trochsnit fan 51 meter de grutste koepel fan de wrâld krije en dêrmei foars oer de diameter fan de koepel fan de Sint-Piter (42 meter) hinne gean. Op 5 juny 1933 waard in begjin makke mei de bou fan Lutyens's ûntwerp. It jild wie benammen ôfkomstich fan de katolike havenarbeiders fan Liverpool. Troch de beheinings dy't de Twadde Wrâldkriich besoarge en de tanimmende boukosten (fan £ 3.000.000 nei £ 27.000.000) moast it wurk yn 1941 stillein wurde. Yn 1956 waard mei de krypte it wurk wer oppakt, dy't foltôge waard yn 1958. Yntusken soene de kosten fan de te bouwen katedraal fan Lutyens sa heech wurden wêze, dat der foar keazen waard om de plannen net mear út te fieren. Yn it museum fan Liverpool is in model te sjen fan de katedraal neffens de plannen fan Lutyens.

Nei't it ambitieuze projekt fan Lutyens net troch gyng waard Adrian Gilbert Scott, in broer fan Giles Gilbert Scott (de arsjitekt fan de Anglikaanske katedraal), yn 1953 frege om in bouplan foar in lytsere katedraal te tekenjen, dat binnen in budget fan £ 4.000.000 bleau. Hy stelde in lytsere ferzje fan Lutyens' gebou út, mei behâld fan de ûnbidich grutte koepel. Syn plannen stjitten lykwols op in soad krityk en troch de ôfwizing rûn de bou op 'e nij fertraging op.

De katedraal by skimerjûn

Hjoeddeiske katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske katedraal is in ûntwerp fan Sir Frederick Gibberd (1908–1984). De bou dêrfan sette yn oktober 1962 njonken de krypte útein en yn minder dan fiif jier tiid, op Pinkster 14 maaie 1967, waard de katedraal ynwijd. Mar al gau nei de iepening easke de snelle bau syn tol en waarden der oan de katedraal earnstige arsjitektonyske flaters ûntdutsen. Dat liede der ta dat it katedraalbestjoer Frederick Gibberd oanklage foar £ 1.300.000 op ferskate punten. wêrûnder lekkaazje en fouten yn de mozaïektegels, dy't fan de betonnen ribben foelen. It reparaasjeprogramma dat folge duorre noch oant yn de jierren 1990.

Beskriuwing ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur katedraal

Sintraal ûnder de spits fan de tsjerke dy't in toarnekroan foarstelt is de alterromte, dy't foar de yngong oer leit en oanslút by de liturgyske feroarings fan it Twadde Fatikaanske Konsylje. It alter is makke fan wyt moarmer út Skopje, Masedoanje, en 3 meter lang. De flier is ek lein fan moarmer yn de kleuren griis en wyt. De banken rinne konsentrysk mei it ynterieur en binne ûntwurpen troch Frank Knight. Boppe de toer is in soad kleurd glês, ûntwurpen troch John Piper en Patrick Reyntiens yn de trije kleuren giel, blau en read, dy't de Trije-ienheid symbolisearje. Om de romte hinne hingje de metalen staasjes fan de krúswei en binne tusken de steunbearen fan it tintfoarmige gebou in tal kapellen ûnderbrocht. Guon fan dy kapellen binne iepen, mar oaren binne sletten troch in wite ôffreding. Wer oare kapellen besteane út in lege romte ûnder in balkon. Foar de yngong oer is de kapel fan it Hillich Sakramint ( Blessed Sacrament Chapel ) mei dêr boppe it piipoargel. Oare kapellen binne de Marijekapel (Lady Chapel) en de Joazefkapel (Chapel of Saint Joseph). Rjochts fan de tagong is de doopkapel.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de katedraal binne trije oargels. It grutste oargel waard yn 1968 troch Walker & Sons boud. It ynstrumint hat 88 registers (4.565 pipen) op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektro-pneumatysk. De spyltafel fan it oargel stiet op de flier fan it tsjerkeskip.

Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krypte is it iennige diel dat boud waard neffens Lutyens plan ear't de bou troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich einige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Liverpool Metropolitan Cathedral