Springe nei ynhâld

Lieve Joris

Ut Wikipedy
Lieve Joris
skriuwer
Lieve Joris yn 2019
Lieve Joris yn 2019
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Belgysk
berne 14 juny 1953
berteplak Neerpelt
wurk
taal Nederlânsk
sjenre reisferhaal
jierren aktyf 1986-no
offisjele webside
Hiemside fan Joris

Godelive (Lieve) Elisabeth Achiel Micheline Joris (Neerpelt, 14 juny 1953) is in Flaamsk skriuwster fan reisferhalen.

Lieve Joris waard berne as fyfde yn in húshâlding fan njoggen. Har heit wurke by de belestingtsjinst en brocht it mei jûnstúdzje ta belestingûntfanger, har mem wie in mûndersdochter.

Nei de kostskoalle studearre Joris in jier psychology yn Leuven en gie dêrnei nei Amearika om as au pair te wurkjen en om te reizgjen. Yn 1975 gie se nei Nederlân, dêr't se de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert folge. Se sette har nei wenjen yn Amsterdam en gie nei har stúdzje skriuwen foar de Haagse Post, NRC en it moanneblêd Avenue. Neidat se tsien jier foar de Haagse Post wurke hie, begûn se njonken artikels ek boeken te skriuwen. Yn 1986 debutearre se mei De Golf. Har wurk is tagelyk sjoernalistyk en literêr.

Joris hat in soad reizge troch lannen dêr't de situaasje faak gefaarlik wie en hat har ûnderfinings beskreaun, wêrby't se in ferbân leit tusken de barrens yn de libbens fan de minsken dy 't se moete hat en de polityk-sosjale en kulturele kontekst. Foaral it Midden-Easten ( De Golf, Een kamer in Cairo, De poorten van Damascus) en Afrika (Terug naar Congo, Mali blues, Dans van de luipaard, Het uur van de rebellen, De hoogvlaktes) hawwe har omtinken, mar se wie ek yn Hongarije (De melancholieke revolutie) en hie in fraachpetear mei V.S. Naipaul op it eilân Trinidad (Zangeres op Zanzibar). Nei de útjefte fan De hoogvlaktes besleat Joris har op Azië te oriïntearjen: Fjetnam, Dubai, Sina. Se reizget de Afrikanen achternei dy 't sûnt in pear jier dy kant opgean. Lieve Joris is op har reizen meastal by minsken thús en leit maklik kontakt; dêrtroch is hja by steat is om maatskippijen út in relatyf persoanlike ynfalshoeke wei te beskriuwen.

Yn har memoires Terug naar Neerpelt (2018) giet Joris werom nei it Flaamske plattelân dêr't se opgroeide as middelste bern fan in turbulinte húshâlding fan njoggen bern.Se hat it paradys fan har jonkheid yn eare hâlden en is de slangen net út de wei gien, merkte de Nederlânske skriuwer Maarten Asscher op. Libération skreau: Lieve Joris publisearret in opmerklik famyljeferhaal, mei dêryn miniatueren en anekdoates, oer it wylde libben en it tragyske lot fan in âldere broer dy't sawol bewûndere as ferflokt waard. [1]

In soad fan it wurk fan Joris is yn it Ingelsk, it Frânsk en it Dútsk oerset. Yn Nederlân bleau it wat stil nei har ein 2006 publisearre boek Het uur van de rebellen, mar yn Frankryk foel it tige goed. Yn maaie 2007 waard se yn de boekebylage fan de krante Libération "ien fan de bêste sjoernalisten fan de wrâld" neamd en op gelikense foet behannele mei ien fan har grutte foarbylden, V.S. Naipaul. Hy en Ryszard Kapuściński hawwe wichtich west foar har ûntwikkeling as skriuwer.

Lieve Joris ist troud mei de Poalske fotograaf Marek Stawski.

Prizen en ûnderskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1993 – De Henriette Roland Holst-priis foar De melancholieke revolutie.
  • 1999 – De Prijs van de Vlaamse Gemeenschap voor Proza, foar Mali blues.
  • 1999 – De Prix Astrolabe, in Frânske priis foar literêre reisferhalen, foar Mali blues.
  • 2003 – De Kultuerpriis fan de provinsje Limburg (België) foar har hiele oeuvre.
  • 2009 – De Prix Nicolas Bouvier, in Frânske priis foar De hoogvlaktes.
  • 2010 – De Frânske Oarder fan Keunst en Letteren
  • 2014 – Bob den Uyl-priis foar Op de vleugels van de draak.
  • 2019 - publykspriis Confituur Boekhandels foar Terug naar Neerpelt

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lançon, Philippe. ""Fonny", marlou dans la bergerie". Sjoen op 2021-06-29.