Blineliedhûn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Liedhûn)
In bline en syn liedhûn yn Brasilia.

In blineliedhûn, ek wol koartwei liedhûn, is in hûn dy't beleard is as assistinsjehûn foar bline minsken en lju dy't tige min sjen kinne. Sokke hûnen hawwe leard om harren minske feilich troch it ferkear en by obstakels lâns te lieden (dêrfandinne de namme). It is lykwols in misferstân dat blineliedhûnen sels witte wêr't se hinne moatte; dat bepaalt de bline troch in systeem fan oanlearde kommando's. Yn in soad lannen, benammen yn 'e Westerske wrâld, binne blineliedhûnen by wet útsûndere fan 'e foarskriften, bygelyks foar tagong fan hûnen yn winkels, horekagelegenheden en iepenbier ferfier, dy't foar oare hûnen jilde. It is beslist net de bedoeling dat blineliedhûnen ûnder harren wurk troch omstanners oanhelle of fuorre wurde. It ôfdwaan fan 'e liedbûgel is foar de hûn it teken dat er even lins nimmen kin.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blineliedhûnen kinne harren baaske feilich by obstakels lâns liede, lykas stoeprânen, beammen, ôffalcontainers, op it trotwaar parkearre fytsen, lantearnepeallen en leechhingjende tûken en sinneskermen. Ek kinne se harren baaske feilich troch it ferkear liede, mei't se bygelyks leard hawwe om beide kanten út te sjen foar it oerstekken fan in strjitte. It is lykwols in misferstân dat blineliedhûnen sels altyd it paad witte en harren minske inkeld op sleeptou nimme. Yn alle gefallen moat de bline witte wêr't er hinne wol en mei kommando's de hûn de goede kant út stjoere, wêrnei't de hûn him of har helpt om 'e rûte sûnder swierrichheden ôf te lizzen. Ien fan 'e belangrykste taken fan in blineliedhûn is 'yntelliginte oerhearrigens'. Dat komt derop del dat in liedhûn leard hat om in kommando fan syn baaske te wegerjen as er ynskat dat de útfiering fan dat kommando foar himsels en syn baaske gefaar opsmite sil.

In bline frou leart om mei har liedhûn om te gean yn in testparkoers.

Der moat fierders wol rekken mei holden wurde dat hûnen kleureblyn binne foar read- en grientinten, en dat se net oer it yntellekt beskikke om ferkearsbuorden te ynterpretearjen. Wol jout de hûn ûnderweis beskate punten oan, lykas it foarkommen fan sydstrjitten, dêr't de bline him of har dan op oriïntearje kin. Dêrnjonken kin in stikmannich kommando's brûkt wurde om 'e hûn beskate algemiene dingen oanjaan te litten, lykas "sykje in sebrapaad", "sykje de brievebus", "wêr is de doar?", "sykje in sitplak", ensfh. Op rûtes dy't geregeldwei ôflein wurde, ken de hûn nei ferrin fan tiid sels it paad. As syn baaske bygelyks de boadskippetas foar 't ljocht hellet, wit de hûn al wêr't de reis hinne giet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynset fan hûnen as blineliedhûnen giet, alteast op sporadyske basis, teminsten werom oant yn 'e sechstjinde iuw, mei't it Ingelsktalige rymalfabet A Was an Archer út dy tiid datearret. De twadde regel dêrfan is: "B was a blind-man / Led by a dog" ("B wie in bline / laat troch in hûn"). De earste skoallen dêr't blineliedhûnen in systematyske oplieding krigen, waarden lykwols pas ûnder de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) oprjochte. Dat waard dien yn Dútslân, mei as bedoeling om 'e bline oarlochsfeteranen mear mobiliteit en libbenskwaliteit te jaan. Bûten Dútslân kaam pas belangstelling foar assistinsjebisten doe't Dorothy Harrison Eustis, in Amerikaanske hûnefokster dy't yn Switserlân wenne, yn 1927 in eachtsjûgeferslach oer de skoalle foar blineliedhûnen yn Potsdam skreau, dat publisearre waard yn it tydskrift The Saturday Evening Post.

In golden retriever dy't ynset wurdt as blineliedhûn draacht oan 'e liedbûgel de tekst "Do not pet me, I am working" ("Helje my net oan, ik bin oan it wurk").

Datselde jiers noch krige de bline Amerikaanske senator Thomas D. Schall, út Minnesota, in ymportearre blineliedhûn út Dútslân. Foar de measte Amerikaanske blinen kaam der lykwols pas útsicht op in eigen liedhûn nei't Morris Frank, in ynwenner fan Nashville, in jier letter út Switserlân weromkearde mei de hûn Buddy, dy't traind wie troch Eustis. Frank en Buddy giene neitiid op toernee troch de Feriene Steaten, om 'e Amerikanen fan it nut fan blineliedhûnen te oertsjûgjen, en teffens fan 'e needsaak om sokke hûnen ta te stean op plakken dêr't hûnen ornaris net komme mochten. Yn 1929 rjochten Eustis en Frank tegearre de earste blineliedhûneskoalle yn 'e Feriene Steaten op, The Seeing Eye, yn Nashville, dy't yn 1931 ferhuze waard nei Nij-Jersey.

De earste blineliedhûnen yn it Feriene Keninkryk wiene fjouwer hûnen dy't yn Dútslân traind wiene, en dy't op 6 oktober 1931 yn Wallasey (Merseyside) oerdroegen waarden oan harren nije eigners. Dat wiene alle fjouwer bline feteranen út 'e Earste Wrâldoarloch. Yn 1934 waard The Guide Dogs for the Blind Association oprjochte, dy't úteinsette mei de training fan blineliedhûnen yn it Feriene Keninkryk. De earste permaninte hûnetrainer fan dy organisaasje wie in Russyske âld-ofsier, kaptein Nikolai Liakhoff, dy't yn 1933 nei Ingelân ta emigrearre wie.

Rassen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lang net alle hûnerassen binne like geskikt om as blineliedhûn te tsjinjen. It leit foar de hân dat bygelyks chihuahua's der te lyts foar binne, wylst de Deenske dogge wer ûnhandige grut is. Mar ek de mentale ynstelling fan 'e hûn is tige wichtich. Hjoed de dei wurde benammen golden retrievers, labradors en goldadors (krusings tusken golden retrievers en labradors) ynset as blineliedhûnen. Guon skoallen brûke ek standertpoedels en labradoedels (krusings tusken labradors en standertpoedels) foar dizze rol.

In labrador as blineliedhûn.

De labradoedel is spesjaal fokt om in liedhûn te krijen dy't gjin of mar amper allergyske reäksjes opropt. Hoewol't Dútske hardershûnen foarhinne ek faak as blineliedhûnen ynset waarden, binne de measte opliedingsynstituten dêrmei opholden fanwegen de feardichheid en de oanhâldende sterk liedende rol dy't de bline hawwe moat om sokke hûnen yn 'e stringen te hâlden. It populêrst as blineliedhûn is tsjintwurdich de labrador, dy't in geunstige grutte hat, maklik yn it ûnderhâld is fanwegen syn koarte hier, net mei folle sûnensswierrichheden oanhelle rekket en in sêftaardige ynstelling hat mei de wil om it baaske te helpen.

Sitewaasje yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wurde blineliedhûnen oplaat en ôflevere troch fiif ferskillende opliedingsynstituten, dy't allegear lid binne fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Blineliedhûneskoallen (IGDF). Dêr wurde oer it algemien labradors, golden retievers en (noch altyd) Dútske hardershûnen traind, en soms labadoedels en goldadors.

Diskriminaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Austraalje, Brazylje, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Kanada, Malta, Portegal, Súd-Koreä, Switserlân en guon oare lannen is it by wet ferbean om blineliedhûnen de tagong te wegerjen op plakken dêr't leden fan it publyk dy't gjin hûn by harren hawwe, wol komme meie. Om't beskate streamings binnen de islaam hûnen as ûnreine bisten beskôgje, wegerje guon islamityske taksysjauffeurs en winkellju blineliedhûnen yn harren auto's en winkels. Yn 2003 stelde de Britske Islamic Sharia Council lykwols in net-binende rjochtline op wêryn't steld waard dat de wenstige islamityske regels oangeande hûnen net fan tapassing binne op blineliedhûnen en oare assistinsjehûnen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.