Springe nei ynhâld

Wetterskip De Leechlânswei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leechlânswei)

Wetterskip De Leechlânswei wie in boezemwetterskip yn Idaarderadiel en Ljouwert fan 2220 hektare. It wetterskip waard yn 1950 oprjochte mei as doel de oanlis fan in wei mei syddiken troch it allinnich mei de boat te berikken gebiet tusken de line Grou - Reduzum - Wergea - Warten en it Prinses Margrietkanaal.

De oanlis fan dizze wegen mei ôfdamjen fan ferskate fearten betsjutte in omkear foar dit gebiet. It wetterskip omfette in oantal lytsere: Grutte Krite, It Ald Skroet, Grouster Leechlân, Friesma, It Hoflân en Hoflandstra. Dy holden yn it earstoan harren taak yn ferbân mei de wetterstân. Yn 1945-1955 hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân in wiziging oanbrocht: de wetterskippen De Gutte Krite en it Grouster Leechlân binne opheft, harren taak is troch de Leechlânswei oernomd. By de doe konsintrearde bemealing en bediking is ek de partikuliere Auke Hinnesmarpolder opnommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: