Springe nei ynhâld

Leandro Maeder

Ut Wikipedy

Leandro Pink (Leo) Maeder (wierskynlik Bern, 14 desimber 1987) is in Amerikaansk fotomodel fan Italiaansk, Switsersk en Nederlânsk komôf. Hy is in pakesizzer fan akteur Rutger Hauer.

Maeder is in soan fan Aysha Hauer, dochter fan Rutger Hauer, en de Italjaan Olimpio Monticelli. Rillegau nei syn berte ferhuze er mei syn âlden nei Los Angeles. De namme Leandro is ôflaat fan de plant Oleänder en Pink komt fan de popgroep Pink Floyd. Doe't er twa wie waard út hûs helle en fan syn sechtjinde ôf siet er op in priveeskoalle foar bern dy't mei muoite opbrocht wurde kin. Syn heit gie werom nei Rome doe't Maeder alve jier wie. Dêrom hat er syn heite namme falle litten en foar de namme Maeder keazen. Syn adopsjemen hjit Kathleen O'Leary.

Maeder waard 2005 ûndutsen troch in scout fan Blue Model Management yn Beverly Hills. Hy kaam doe troch de tiid mei it dweiljen fan flierren foar sân dollar deis. Wilens is er it gesicht fan merken lykas Dsquared2, Roberto Cavalli en Dolce & Gabbana.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]