Lea Whitford
Lea Whitford | ||
politikus | ||
echte namme | Lea Mari Guadipee Whitford | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | maart 1966 | |
berteplak | Browning (Montana) | |
etnisiteit | Swartfuotsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
Lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Montana | ||
amtsperioade | 2013 – no | |
foargonger | Lila Evans | |
opfolger | noch ûnbekend |
Lea Whitford (folút: Lea Mari Guardipee Whitford; Browning (Montana), maart 1966)[1] is in Amerikaansk ûnderwizeresse en politika fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja is in lid fan 'e Swartfuot Naasje, en hat sûnt ein 2013 in sit yn it Hûs fan Offurdigen fan Montana.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Whitford waard yn 1966 berne as Lea Mari Guardipee, de dochter fan Gerald T. Guardipee en Shirley Wippert, yn Browning, it haadplak fan it Swartfuot Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hja is in etnyske Swartfuot-Yndiaanse en in lid fan 'e Swartfuot Naasje, dat in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten is.
Nei't se de middelbere skoalle yn Browning trochrûn hie, learde Whitford fierder oan 'e Steatsuniverstiteit fan Montana (MSU) yn Havre, dêr't se yn 'e foarm fan in bachelortitel har ûnderwiisfoech behelle yn lichaamlike oefening en skiednis. Letter wreide se dat foech oan 'e MSU-fêstiging te Bozeman fierder út nei heger ûnderwiis en folwoeksene-ûnderwiis. Whitford stie neitiid ferskate jierren as dosint oan 'e pleatslike middelbere skoalle te Browning, en wurke oanslutend sechstjin jier as leararesse oan it Blackfeet Community College yn itselde plak. Dêrnei wie se noch ferskate jierren ferbûn oan 'e Swartfuot Naasje as mienskipsplanner en beoardielster foar de takenning fan stúdzjebeurzen.
Whitford troude mei Rick Whitford, mei wa't se har yn it Swartfuot Reservaat op in boerepleats benoarden Cut Bank nei wenjen sette. Mei har man runt se dêr njonken har oare wurk ek noch in feehâlderij en in lyts transportbedriuw. Hja hawwe ien dochter, Whitney, en twa soannen, Rabe en Kobe. Yn 2012 stelde Whitford harsels foar de Demokratyske Partij kandidaat foar in sit yn it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Montana. Dêrby fersloech hja de sittende Republikeinske ôffurdige Lila Evans, sadat se neitiid fan begjin 2013 ôf it sechstjinde distrikt fan Montana yn it Steatskongres fertsjintwurdige.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |