Lea Halpern
Lea Halpern | ||
keunstner | ||
Lea Halpern oan't wurk | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 8 septimber 1899 | |
berteplak | Mikuliczyn (Oekraïne) | |
stoarn | 6 novimber 1985 | |
stjerplak | Salford (Grut-Manchester) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Keramist, edelsmid, sieraadntwerper | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Lea Henny Halpern (Mikuliczyn, 8 septimber 1899 - Salford (Greater Manchester), 6 novimber 1985) wie in byldzjend keunstner dy't aktyf wie as ûntwerper fan sieraden en keramist. Hja wurke yn ûnder oare Berlyn en Amsterdam.
Halpern kaam út in orterdoks-joadske famylje en waard oplaat yn Wenen, Berlyn en oan de Kunstnijverheidsschool Quellinus te Amsterdam en de Rijks Keramische School Gouda (1926-1930). Sy wie learling fan ûnder oaren Bert Nienhuis en Kurt Zimmermann. Tusken ûngefear 1930 en 1940 hie hja in atelier yn Amsterdam dêr't hja aktyf wie as pottebakker en makker fan glazuere keramyske plastiken en ek brosjes. Fan 1936 oant 1938 joech Halpern les oan de Nieuwe Kunstschool te Amsterdam, ûnder oaren Meta Rozelaar wie in learling fan har. Ein 1939 ûntflechte hja de driging fan de nazy's en gie nei New York.
Sy wie troud mei Lincoln Newfield.
Bibliografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Unger, M. (2004) Het Nederlandse sieraad in de 20ste eeuw. Bussum: THOTH. ISBN 9789068683486