Lea Ackermann

Ut Wikipedy
Lea Ackermann 2012-04-13

Lea Ackermann (* Völklingen, Saarlân op 2 febrewaris 1937 - † Trier op 31 oktober 2023) wie in Dútske suster fan de Susters Misjonarissen fan Us-Leaffrou fan Afrika. Hja wie benammen yn Dútslân ferneamd as immen dy't har tige ynsette tsjin it seksueel útrûpeljen fan froulju en is de stiftster fan 'e ynternasjonale helporganisaasje SOLWODI.

Persoansbeskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lea Ackermann waard berne yn Völklingen, mar woeks op yn Klarenthal by Saarbrücken. Nei't Lea Ackermann in bankoplieding folge yn Saarbrücken, naam hja it beslút om har yn 1960 by de oarder fan de Susters Misjonarissen fan Us-Leaffrou fan Afrika te jaan, de saneamde Wite Susters. Hja studearre dêrnei taalkunde, teology, pedagogy en psychology en promovearre yn 1977 oan 'e Ludwig Maximilians-Universiteit yn München.

Yn har wurk yn Rûanda en Kenia makke Ackermann kennis mei de wize hoe't froulju slachtoffers waarden fan seksuele eksploitaasje en minskehannel. Yn 1985 stifte hja yn Mombasa (Kenia) de organisaasje SOLWODI (Solidarity with women in distress; Solidariteit mei froulju yn need). Dizze organisaasje wol froulju, dy't earder slachtoffer waarden fan seksuële slavernij en minskehannel helpe om it libben wer op it rjochte spoar te krijen. It wurk fan Ackermann ferhûze letter ek nei Jeropa en yn Dútslân binne yntusken tal fan plakken mei in SOLWODI-kantoar. Yn Dútslân rjochtet it wurk fan de suster him fral op frouljy dy't lokke binne mei moaie praatsjes oer it krijen fan wurk of in houlik, mar sa it slachtoffer waarden fan twongen prostitúsje.

Foar har wurk waard Lea Ackermann mannich kear ûnderskieden, û.o mei de Oarder fan Fertsjinste fan de Bûnsrepublyk Dútslân, it Grutkrús fan Fertsjinste en tal fan oare ûnderskiedings fan organisaasjes, universiteiten en Dútske dielsteaten. Ek skreau Ackermann ferskate boeken yn 'e Dútske taal oer de ûnderwerpen dy't har sa nei leine.

Ackermann wenne yn 'e pastorije fan it doarp Hirzenach, likernôch 30 kilometer súdlik fan Koblenz. De lêste tiid naam har sûnens ôf en moast hja ferhûzje nei in ferpleechhûs yn Trier. Hja ferstoar dêr doe't hja by in operaasje op 31 oktober 2023 net mear út de narkoaze wekker waard.[1]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: