Springe nei ynhâld

Laytonville (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Laytonville
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Mendocino County
Sifers
Ynwennertal 1.227 (2010)
Oerflak 14,1 km² (ynkl. wetter)
13,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 87 / km²
Hichte 509 m
Oar
Stifting 1874
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 39°41′18″N 123°28′58″W
Kaart
De lizzing fan Laytonville yn Mendocino County
en yn 'e steat Kalifornje.

Laytonville is in doarp (census-designated place) yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It leit yn Mendocino County, op sa'n 32 km noardnoardwestlik fan 'e stêd Willits, deun benoarden it plak dêr't de Súdlike Ielrivier ûntspringt. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Laytonville doe in befolking fan rom 1.200 minsken.

Laytonville waard yn 1874 stifte troch in Frank B. Layton, dy't oarspronklik út it Kanadeeske Nij-Skotlân kaam. Hy boude doe in hûs op it plak dat neitiid nei him Laytonville kaam te hjitten, en begûn der in hoefsmidderij. It earste postkantoar yn Laytonville gie iepen yn 1879.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Laytonville doe in befolking fan 1.227 minsken. De befolkingstichtens bedroech 87 minsken de km². Fan 'e befolking fan Laytonville wie yn 2010 12,2% âlder as 65 jier en 22,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 26,3% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 21,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 56,9% blanken; 19,9% Yndianen; 11,5% Latino's; 1,3% swarten; 0,8% Aziaten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 9,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Yndianen binne foar alteast foar in part etnyske Kato, mei't it haadkertier fan 'e Kato Yndianestamme fan de Laytonville Rancheria yn Laytonville fêstige is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.