Lavinia Meijer
Lavina Soo-Ji Meijer (Súd-Korea, 12 febrewaris 1983) is in Nederlânsk harpiste.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei 11 jier waard Meijer talitten ta de Jong Talintôfdieling fan it Utersk Konservatoarium by Erika Waardenburg. Se helle diploma's Bachelor of Music en Master of Music, beide cum laude yn efterelkoar 2003 en 2005 oan it Utertsk Konservatorium en it Konservatorium fan Amsterdam.
Teffens folge Meijer masterclasses by û.o. Jana Bouskova, Isabelle Moretti, Daphne Boden, Natalia Shameyva, Emilia Moskvitina, Maria Graf, Skaila Kanga en Susann McDonald. In kursus jazz folge sy by de jazzharpist Park Stickney; lessen ynterpretaasje by Theo Olof (fioel), Walter van Hauwe (blokfluit) en Willem Brons (piano).
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meijer trede op yn Europa, Aazje en Amearika. Sy spile as soliste by orkesten sa as it Residinsje Orkest, it Radio Symfony Orkest, it Radio Keamer Orkest en it Israel Philharmonic Orchestra. Hja waard útnûge om te spyljen by ûnder oaren it Grachtenfestival Amsterdam, it Sleeswyk-Holstein Muzyk Festival en in tal Wrâld Harp Kongressen. Meijer remplasearet geregeldwei by it Residinsje Orkest en it Keninklik Konsertgebou Orkest.
Bysûndere projekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2004 makke Meijer in toernee troch Nederlân yn de rige "Het Debuut" tegearre mei it Jenufa Kwartet. Yn de perioade 2006-2008 trede sy op yn de rige "Rising Stars" yn Keulen (Philharmonie), Amsterdam (Konsertgebou), Parys (Cité-de-la-Musique), Wenen (Wiener Musikverein), Birmingham (Symphony Hall), Atene (Concert Hall), Brussel, Lúksemboarch (Philharmonie), Stokholm (Konserthus) en New York (Carnegie Hall). Ein 2008 waard Meijer útnoadige yn har bertelân Súd-Korea dêr't sy mei in protte súkses in nijjierskonsert jûn hat. Apart wie doe ek dat har biologyske heit dêrby wie, dy't doe foar it earst yn 23 jier wer moete.
Yn 2006 spile Meijer mei it Aurelia Saksofoan Kwartet nije transkripsjes fan Caplet, Debussy en Ravel, en ek twa wrâldpremiêres fan de Nederlânske komponisten Carlos Micháns en Wijnand van Klaveren dy't allebeide apart foar har en it Aurelia Saksofoan Kwartet skreaun. Yn 2007 spilet Meijer mei fioelist Tjeerd Top, plakferfangend konsertmaster fan it Keninklik Konsertgebou Orkest, in wrâldpremiêre fan de Amerikaanske komponist Garrett Byrnes yn it Konsertgebou yn Amsterdam. Fierders spile sy yn 2007 mei de Radio Keamer Filharmony û.l.f. Thierry Fischer in wrâldpremiêre fan Carlos Micháns yn Fredenburch yn Utert.
Ein 2015 spile Meijer yn ‘e mande mei Carel Kraayenhof in konsertsearje. Dêr waard by it earste konsert daliks in live-opname makke. Bysûnder is it opspyljen fan harpe en bandoneon - der wie gjin besteande muzyk foar dy kombinaasje. It konsert en it album befetsje wurk fan Luis Bacalov, Enrique Granados, Carel Kraayenhof, Astor Piazzolla, Anselmo Aieta, Jorge Cardoso, Lavinia Meijer, Pintín Castellanos, Ennio Morricone en Mariano Mores. De styl fariearret fan Súd-Amerikaansk fia Iersk oant filmmuzyk. Yn 2018 spile Meijer by de Bridge to Liberation Experience yn Arnhim.
Prizen en ûnderskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Earste priis by it Prinses Christina Konkoers (1997)
- Earste priis fan de Stichting Jong Muziek Talent Nederland (1996, 1998)
- It Nederlânsk Harp Konkoers (1997, 2004)
- It Vriendenkransconcours fan it Konsertgebou yn Amsterdam (2005).
- Efterinoar de twadde, tredde, earste en tredde priis op it Ynternasjonaal Harpkonoers yn Lausanne (1998), Risel (1999), Brussel (2000) en Israel (2001), de twadde priis by it Reinl-Wettbewerb yn Wenen (2002) en de tredde priis by it Sixth International USA Harp Competition yn Amearika (2004).
- Priis foar de bêste fertolking fan Visions in Twilight fan Garrett Byrnes en it harpkonsert yn Bes fan Georg Friedrich Händel.
- Yn 2005 de Edeske Kultuerpriis 2005 foar promoasje fan de harp as soloynstrumint.
- 3 juny 2007, mei fioelist Tjeerd Top, de Fortis MeesPierson Award 2007.
- Yn 2009 de Nederlânske Muzykpriis fan it Nederlânsk Fûns foar Poadiumkeunsten.
- Yn 2012 de Publykspriis fan de Edisons, foar har cd "Fantasies and Impromptus".
- Yn 2013 krige Meijer har cd "Metamorphosis / The Hours" (Philip Glass) de Gouden Plaat foar klassike muzyk yn Nederlân fan de NVPI. Yn april folge in platina-ûnderskieding foar dat album.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|