Springe nei ynhâld

Laurence Nowell

Ut Wikipedy
Nowell syn selsportret mei in lege beurs op de bûskaart dy't er makke foar William Cecil.

Laurence (of Lawrence) Nowell1515 - ± 1571) wie in skiedkundige, kartograaf en pionier op it mêd fan de Angelsaksyske taal en literatuer.

Nowell folge de King's School yn Westminster fan de iere 1530er jierren oant 1549; dêrnei gie er nei Christ Church yn Oxford dêr't er in MA helle yn 1552. Yn 1562 wenne er yn Londen by syn breahear Sir William Cecil yn. Dêr garre er Angelsaksyske dokuminten en skreau dy oer. Hy makke it earste Angelsaksysk wurdboek, it Vocabularium Saxonicum. Yn dy tiid waard er freon en mentor fan William Lambarde, ek in saakundige fan it Angelsaksysk. Yn 1563 waard Nowell besitter fan it iennichst besteande manuskript fan Beowulf. It manuskript is bûn yn de saneamde Nowell Kodeks (Cotton library Vitellius A. xv).

Nowell bestege in soad tiid yn de 1560er jierren oan in grutskalige atlas fan it Angelsaksysk Brittanje, mar makke it wurk lykwools net dien. Foar Sir Cecil makke er de earste sekuere kartografyske ferkenning fan de eastkust fan Ierlân en ek in lytse sekuere kaart fan Brittanje yn bûsformaat, dy't Cecil altyd by him hie.

Yn 1563 waard Nowell de hûsûnderwizer fan Edward de Vere, de 17e Earl of Oxford, oer wa't Cecil de fâdij hie. Nowell besocht it fêstelân fan Europa om reden fan stúdzje yn 1568 en is dêr nei alle wierskyn ferstoarn tusken 1570 en 1572. Syn boeken en manuskripten gienen nei William Lambarde.

Biografyske betizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa 16e-iuwske Ingelske neven, de iene in antikêr en de oare in geastlike, hieten fan Laurence Nowell. Dy twa waarden sûnt de 17e iuw al trochelkoar helle. Sawol William Dugdale as Anthony Wood hawwe dy flater makke. De betizing gie troch oant yn de 20e iuw, mar yn jierren 1970 makke Retha Warnicke [1] har analyse fan in rjochtssaak út 1571 dúdlik dat der twa ferskillende Laurence Nowells west hiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grant, Raymond (1996). Laurence Nowell, William Lambarde and the Laws of the Anglo-Saxons. Amsterdam: Rodopi.
  • Hill, David (2004). Laurence Nowell, Cartographer, Linguist, Archivist and Spy, and his Anglo-Saxon Atlas of 1563. Lêzing foar de Society of Antiquaries of London, 12 febrewaris 2004.
  • McConica, James, ed. (1986). The History of the University of Oxford, Vol. III: The Collegiate University. Oxford: Clarendon Press.
  • Warnicke, Retha (1974). "Note on a court of requests case of 1571." English Language Notes, xi, pp. 250–256.
  • R. Flower, Laurence Nowell and the Discovery of England in Tudor Times, Proceedings of the British Academy 21 (1935) 47-73. In diskusje oer de Nowell-Lambarde boeken en manuskripten.
  1. Retha Marvine Warnicke (1939) is in Amerikaansk skiedkundige en heechleraar Skiednis oan de Arizona State University