Lars Vogt

Ut Wikipedy
Lars Vogt
sjonger en/of muzikant
Lars Vogt (2018)
Lars Vogt (2018)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lars Vogt
nasjonaliteit Dútsk
berne 8 septimber 1970
berteplak Düren
stoarn 5 septimber 2022
stjerplak Erlangen
wurkpaad
sjenre Klassike muzyk
ynstrumint Piano

Lars Vogt (Düren, 8 septimber 1970 - Erlangen, 5 septimber 2022) wie in Dútsk pianist en dirigint.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vogt studearre by Karl-Heinz Kämmerling oan de Hochschule für Musik, Theater und Medien yn Hannover. Hy waard by it publyk bekend doe 't er yn 1990 as tweintichjierrige de twadde priis wûn by de Leeds International Piano Competition. Yn 1998 rjochte er it keamermuzykfestival Spannungen op, dat hâlden wurdt yn Kraftwerk Heimbach, in wetterkrêftsintrale yn Heimbach yn de Eifel.

Vogt debutearre yn 2003 by de New York Philharmonic en spile as solist by ûnder oare it Koninklijk Concertgebouworkest, it NHK-Symfonyorkest yn Tokio, it GewandhausorreklaLeipzig, de Berliner en de Wiener Philharmoniker en it London Symphony Orchestra. Yn 2012 waard er heechlearaar piano oan de Hochschule für Musik, Theater und Medien yn Hannover.

Njonken it piano spyljen rjochte Vogt him hieltyd mear op dirigearjen. As gastdirigint debutearre er by de symfonyorkesten fan Singapoer en Nij-Seelân en it Warschau Philharmonisch Orkest. Fan 2015 oant 2020 wie er sjefdirigint fan de Britske Royal Northern Sinfonia. Fan 1 july 2020 ôf wie Vogt chef-dirigint fan it Orchestre de Chambre de Paris.

Lars Vogt ferstoar op 5 septimber 2022 yn 'e âldens fan 51 jier oan de gefolgen fan leverkanker.