Springe nei ynhâld

Langewâld

Ut Wikipedy
De lokaasje fan it Langewâld yn de provinsje Grinslân

Langewâld is in gebiet yn it westen fan de provinsje Grinslân. It hat altyd ien fan de trije ûnderkertieren fan it Westerkertier west, mar yn de iere Midsiuwen wie it in selsstannich Ommelân. It Langewâld waard beheind troch de Lauwers yn it westen, Humsterlân yn it noarden, Middag yn it easten en Fredewâld yn it suden. It grûngebiet kaam sawat oerien mei dat fan de âlde gemeente Gruttegast. Eartiids wie Sebaldebuorren it wichtichste doarp. Ek Niekerk, Oldekerk en de Grinzer Pein lizze yn it Langewâld.

It Langewâld wie oant 1803 ûnderferparte yn twa gritenijen; Easterdiel en Westerdiel. De grins lei by it Langs- of Wolddiep (dêr't it súdlik part fan no Dwarsdiep hjit). Yn it Easterdiel leine de karspels Faan, Nijtsjerk, Noardhorn en Súdhorn. Yn it Westerdiel leine de karspels Doezum, Gruttegast, Lytsegast, Oldekerk, De Grinzer Pein en Sebaldebuorren. It rjochtsit wie yn Sebaldebuorren.

Segel fan it goa Langewâld mei de tsjerke fan Sebaldebuorren