Springe nei ynhâld

Lange Jacob

Ut Wikipedy
Lange Jacob en Lytse jannetje

Lange Jacob (Snits, 1660 - dêre, 1???) wie in stedsfiguer út Snits. Hy wie bekend troch syn enoarme lingte.

Jacob wurdt beskreaun yn de Geschiedkundige kroniek fan Eelko Napjus. Hy wenne oan de Nauwe Noarderherne yn it begjin fan de 17e iuw en koe syn hannen op alle luifels yn de strjitte lizze. Neffens de kronyk wie hy op 40-jierrige leeftiid mar leafst 8 foet heech, wat tsjintwurdich in lingte ynhâldt fan 245 sintimeter. De man hat him destiids brûke litten foar fermeits op merken en folksfeesten en luts ynteressearden fan fier bûten de stêd.

Yn Snits gie in fers rûn oer Lange Jacob:

'k ben Jacob buiten groot, en onbesluist van Leden,
Dog binnen is't Gedarmt, en maag ook groot en wijd;
Dus als mij Spijs en Wijn, (vereenigd) tegen treden,
Blijf ik verwinnaar, en, zij sneuvelen in den Strijd.

Singelier is ek dat Jacob troud wie mei in lillyputter; Lytse Jannetje. Hja wie 91 sintimeter lang.

Jacob ferstoar yn Snits en leit begroeven op it Ald-Tsjerkhôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: