Springe nei ynhâld

Landsberg oan de Lech (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Landsberg am Lech)
Landsberg oan de Lech (stêd)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Beieren
Landkreis Landsberg am Lech
Sifers
Ynwennertal 28.708 (2015)
Oerflak 57,89 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 500 / km²
Hichte 587 m
Oar
Stifting Stedsrjochten 13e iuw
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan de stêd
Plak fan Landsberg

Landsberg oan de Lech (Landsberg am Lech, meast allinne Landsberg neamd) is in plak yn de Dútske dielsteat Beieren dat oan de rivier de Lech leit. It is de Kreisstadt fan it Landkreis Landsberg am Lech. Landsberg hat in goed bewarre bleaun stedssintrum, mei in barok riedhûs oan it âlde merkplein. Mei de goed bewarre midsiuwske bemuorring hat de stêd in pitoresk karakter.

It sintrum leit op de eastigge fan de Lech tsjin in hichte oan. Op 't heden leit Landsberg op beide iggen fan de Lech.

Landsberg waard bekend meidat Hitler dêr fêst siet nei syn mislearre putsch. Yn de finzenis fan Landsberg skreau er Mein Kampf. Under Landsberg wie yn de Twadde Wrâldoarloch in konsintraasjekamp dat troch de Amerikanen bevrijd waard. Dat barren waard yn de telefyzjesearje Band of Brothers sjen litten.

Landsberg leit oan de Romantische Straße. Krekt foar't de Lech Landsberg yn komt, is in keardaam boud; sadwaande hat de Lech streamop mear fan in mar as fan in rivier. Yn Landsberg sels hat de Lech wer de breedte fan in rivier. Op 'e hichte fan it sintrum leit in wetterfal yn de Lech.

Berne yn Landsberg

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: