Springe nei ynhâld

Lammert Zwanenburg

Ut Wikipedy

Lammert Zwanenburg (Aldhoarne, 22 juny 1894 - Kamp Westerbork, 19 oktober 1944) wie in Fryske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.

De pleats fan Zwanenburg oan de Beilerfeart 80 ûnder Beilen

Lammert Zwanenburg waard berne as boeresoan yn Aldhoarne yn de eardere gemeente Skoatterlân. Hy buorke op in pleats yn de omkriten fan it Drintske Beilen, dêr't hy mei syn frou en bern, Yntze en Wietske. wenne. Allegear wiene se belutsen by it wurk fan de LO. Fan de pleats út waarden yllegale blêden en, by distribúsjeoerfallen bútmakke, distribúsjestamkaarten ferspraat. De pleats joech ek ferskûl oan ûnderdûkers, ûnder oaren oan Nico Polak, dy't nei de oarloch riedshear by de Hege Rie wurde soe. By trije gelegenheden yn 1943 en 1944 waarden der Amerikaanske piloaten opfongen.

Yn oktober 1944 neamde immen oars, in yn Drinte arrestearre ûnderdûker, dy't distribúsjebeskieden fia Zwanenburg krige, ûnder druk by in ferhear, syn namme. Dêrnei waard de buorkerij yn de nacht fan 18 op 19 oktober 1944 bestoarme troch Lânwachters. Zwanenburg waard arrestearre, mar de ûnderdûkers waarden net fûn en koenen ûntkomme nei in pleats yn de buert fan Jan Oosterveen. Yn de rin fan de dei waard Zwanenburg syn pleats yngeand troch de SD trochsocht, wêrby't in soad bewiis foar yllegale aktiviteiten fûn waard. Noch dyselde jûn waard Zwanenburg, dy't al slim tramtearre wie, yn Kamp Westerbork deasketten. Hy is beïerdige op it Nije Gemeentlike Begraafplak yn Beilen.

By Keninklik Beslút Nr. 58 fan 25 july 1952 waard Lammert Zwanenburg postúm ûnderskieden mei it Fersetskrús 1940-1945. Op foarspraak fan ien fan "syn" joadske ûnderdûkers, Peter Mazur, waard Zwanenburg yn 1988 troch Yad Vashem ta 'Rjochtfeardige ûnder de Folken' beneamd en waard him de byhearrende earemedalje takend.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]