Springe nei ynhâld

Sicherheitsdienst

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sicherheitstsjinst)
Minsken fan de SD droegen dit embleem op de mouwe

De sicherheitdienst (SD) feroare tusken 1931 en 1945 fan in beskieden ynljochtingetsjinst fan de NSDAP ta in wiere steatsynljochtingetsjinst fan Nazi-Dútslân mei 51 haadôfdielingen en 519 regionale ôfdielingen mei inkele tûzenen aginten en inkele tsientûzenen ynformanten.

De Sicherheitsdienst waard yn maart 1931 troch Heinrich Himmler ûnder de namme Ic-Tsjinst oprjochte. De foarrinner fan de SD wurke fanút in appartemint en rapportearre rjochtstreeks oan Heinrich Himmler. Foardat de Dútske nasjonaal-sosjalisten oan de macht kamen wie it doel fan de “Ic-Tsjinst” om politike tsjinstanners yn de gaten te hâlden. Ek moast de tsjinst de feilichheid fan Nazilieders fersoargje.

Mei de machtsoername fan de nazi’s yn Dútslân yn 1933 waard de tsjinst bekend as de “SD-Amt”. Der ûntstie in sekere kompetysje mei de Sturmabteilung (SA). Op 9 juny 1934 waard ien inkele partij-ynformaasjetsjinst oprjochte mei de namme Sicherheitsdienst, wêrby de ‘SD-Amt” de basis wie en ûnder it bewâld kaam fan Reinhard Heydrich.

De SD groeide út ta in ynfloedrike partijorganisaasje dêr't de Schutzstaffel (SS) en de nasjonaal-sosjalistyske regearing gebrûk fan makke. De SD wurke mei de Sicherheitspolizei (de Gestapo) en de kriminalpolizei.

Tusken de Sicherheitdienst en de Gestapo wie net folle ferskil. Beide geheime tsjinsten hienen as lieder Reinhard Heydrich en rapportearren oan Heinrich Himmler. De beide organisaasje hâlden harren dwaande mei deselde taken. Dochs kin steld wurde dat de Sicherheitsdienst mear ynformaasje sammele en de Gestapo de útfierende tsjinst wie.

Yn 1938 groeide de SD fan in partij-ynformaasjetsjinst út ta de ynljochtingetsjinst fan Dútslân. De SD observearre politike tsjinstanners fan it Tredde Ryk, it kaam mei polityk nijs út binnen- en bûtenlân. Ek die de tsjinst oan sabotaazjemisjes yn it bûtenlân. Om al dizze taken te dwaan waard er in netwurk fan meiwurkers makke yn it Tredde Ryk mar ek yn de anneksearre gebieten. Om de eigen Dútske befolking te kontrolearjen waarden de NSDAP-blockleiter ynsetten. Dit binne minsken út it leechste nivo fan de partij.

De SD organisaasje bestie út inkele tûzenen aginten. De sammele ynformaasje waard twa oant trije kear wyks rapportearre yn alle SD ôfdielingen. Dit waard oerhannige oan de wichtichste steatsminsken en partijfunksjonarissen. De SD hâldt him ek dwaande mei it beoardielen fan hegere offisieren en partijlieder op harren politike betrouberens.

Fan 27 septimber 1939 ôf waard de Sicherheitsdienst sintraal koördinearre fanút it Reichssicherheitshauptamt (RSHA) en ûnderferdield yn twa kantoaren; it Inland-SD, ek wol Amt III neamd, foar binnenlânske dingen en it Ausland-SD, ek wol neamd Amt VI. foar bûtenlânske dingen. Reinhard Heydrich naam it bewâld op him oant hy fermoarde waard yn 1942. Op 30 jannewaris 1943 naam Ernst Kaltenbrunner de lieding oer en rapportearre lykas Heydrich oan Heinrich Himmler. Kaltenbrunner is oant de ein fan de Twadde Wrâldkriich op syn post bleaun.

  • 1931 de oprjochting fan de SD, ûnder de namme Ic-Tsjinst,
  • 1933 namme feroaret nei SD-Amt,
  • 1934 oprjochting fan de offisjele partij- ynformaasjetsjinst, de Sicherheitsdienst des Reichsführers-SS,
  • 1938 de SD fan in partij-ynformaasjetsjinst groeit út ta de ynljochtingetsjinst fan de Dútske steat dy’t ek stipe jout oan de Gestapo en gearwurket mei de Dútske Administraasje fan Binnenlânske Saken.
  • 1939 de Sicherheitsdienst waard sintraal koördinearre fanút it Reichssicherheitshauptamt (RSHA) en ûnderferdield yn twa kantoaren; het Inland-SD kantoar (ek wol neamd as Amt III) foar binnenlânse dingen en it Ausland-SD kantoar (wk wol neamd as Amt VI) foar bûtenlânske dingen.

Feilichheidstjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De SD wie de feilichheitstjinst yn de besette gebieten en SD-bataljons waarden pleatst ûnder it befel fan de SS en de lokale plysjelieders. Se wienen ek oanwêzich op alle konsintraasjekampen en se joegen ek personiel oan de spesjale ienheden lykas de SS-Einsatzgruppen. De SD wie ek de organisaasje dy’t tegearre mei de Ordnungspolizei de oarder en de feilichheid yn de Joadske getto’s yn Poalen fersoargje moast. It byld dat allinnich SS-soldaten moardzjend troch strjitten gean op siik nei Joadske minsken is net wier, foaral de SD die dit.

De SD hie ek lokale kantoaren yn gruttere stêden fan Nazi-Dútslân. De lytsere kantoaren wienen bekend as de “SD-Unterabschnitte” of “Nebenstelle” en de grutte haadkantoaren ûnder “SD-Abschnitte”of “Hauptstelle”. Alle SD kantoaren rapportearren oan de lokale lieder dy’t bekend stie as de Inspektor des Sicherheitspolizei und SD. Der wienen yn totaal 51 haadôfdielings en 519 regionale ôfdielings.

Under lieding fan Reinhard Heydrich waard der yn de SD in netwurk fan ynformanten oprjochte wêrby't meiwurkers yndield waarden op de foljende manier:

  • V-männer: (Dútsk: Vertrauensleute). Ynformanten dy’t te fertrouwen wienen.
  • A-männer: (Dútsk: Agenten). Aginten fan de SD.
  • Z-männer: (Dútsk: Zubringer). Spesjale aginten dy’t de SD ynformaasje joegen.
  • H-männer: (Dútsk: Helfershelfer). Ynformanten dy’t de SD gegevens troch joegen út wraak of om oare redenen.
  • U-männer: (Dútsk: Unzuverlässige). Ynformanten dy't ûnbetrouber en korrupt wienen.

De Sichterheitdienst yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Den Haach siet de SD ûnder oaren yn it eardere Haachsk tehûs foar nrt-trouden oan de Rijswijksewei en yn Villa “Windekind” yn it Westbroekpark. Hjir barden de beruchte ferhearen fan finzenen dy’t yn it ‘oranjehotel sieten.

De SD hie yn Amsterdam it haadkantoar oan de Euterpestrjitte (no de Gerrit fan der Veenstrjitte). Op snein 26 novimber 1944 is dit gebou bombardearre. 24 Typhonns fan de Ingelske RAF dienen de oanfal. Der waarden by de oanfal tritich wenhuzen troffen. Der wiene 69 deaden, wêrfan mar fjouwer SD’ers. Nei it bombardearjen ferhuze de SD nei it Hotel Appolofirst. It Rotterdamske haadkantoar fan de SD waard op 29 novimber 1944 bombardearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]