Lammert Voos
Lammert Voos | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1962 | |
berteplak | Eenrum | |
wurk | ||
taal | Grinslânsk, Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2008 - no | |
offisjele webside | ||
gjin |
Lammert Voos (Eenrum, 1962) is in Nederlânske dichter en skriuwer. [1] Hy skriuwt yn it Grinslânsk en Nederlânsk.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Voos waard berne yn Eenrum, mar waard grutbrocht yn Snits. Mids tachtiger jierren fan de 20ste iuw wie er sjonger/gitarist/komponist en tekstskriuwer fan de band Umberto di Bosso é Compadres.
Hy debutearre yn 2008 mei de dichtbondel Klaai. Dêrnei folgen ferskate oare dichtbondels. Yn 2011 waard er stedsdichter fan de stêd Dimter. [2] Yn 2016 publisearre er it non-fiksjewurk Abdou en de anderen, dêr 't er ferslach yn die fan syn ûnderfiningen as flechtlingewurker. Yn 2018 ferskynde de novelle Malterfoske. Dy novelle is basearre op syn drege jeugd en syn wrakseljen mei alkoholferslaving. [3] Dit boek waard nominearre foar de priis Beste Groninger Boek.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaai. Gedichten. Utjouwerij De Contrabas, Utert etc., 2008
- De stemmingsvreter. Kort proza. De Contrabas, Utert etc., 2011
- Mien zinloze aanwezeghaid (gedichten yn it Grînslânsk). Kleine Uil, Grins, 2012
- Rigor (gedichten; yllustraasjes Heleen Simons). Utjouwerij Stanza, Amsterdam, 2015
- Abdou en de anderen. Ooggetuigenverslag van een ex-vluchtelingenwerker (non-fiksje). AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2016
- Malterfoske. Een novelle. AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2018 (2de druk 2019)
- Canisius. AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2020
- Gannef. AFdH Uitgevers, Ynskedee, 2021
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|