Utjouwerij kleine Uil
Appearance
(Trochferwiisd fan Uitgeverij kleine Uil)
Utjouwerij kleine Uil is in Nederlânske útjouwerij dy't 2000 yn Grins oprjochte waard. Oarspronklik wie it doel de útjefte fan it literêr tydskrift Tzum.
Utjouwerij kleine Uil jout wilens poëzij, romans en boeken oer keunst, kultuer en streektaal út. Maria van Daalen, Henk van der Ent, A. Marja, Coen Peppelenbos en Doeke Sijens hawwe publisearre by dizze útjouwer. Utjouwerij kleine Uil jout ynsidinteel ek Fryske literatuer út, lykas De Fagina Monologen, in oersetting fan it ferneamde toanielstik fan Eve Ensler.