Springe nei ynhâld

De Keale Sjongster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan La Cantatrice Chauve)
De Keale Sjongster
algemiene gegevens
oarspr. titel La Cantatrice Chauve
auteur Eugène Ionesco
taal Frânsk
foarm toanielstik
sjenre absurdisme
skreaun 1948
1e publikaasje 1950, Parys
1e opfiering 1950, Parys
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Keale Sjongeres
publikaasje 1956, Ljouwert
oersetter Lambert H. Mulder

De Keale Sjongster, yn it oarspronklike Frânsk: La Cantatrice Chauve (en yn it Roemeensk: Cântăreața Cheală), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Roemeensk-Frânske skriuwer, toanielskriuwer, essayist, dichter en literatuerkritikus Eugène Ionesco (1909-1994). It stik heart ta de Frânske literêre streaming fan it Théâtre de l'absurde ("Teäter fan it Absurde"), en is basearre op 'e ûnsinnige foarbyldsinnen dy't Ionescu út 'e holle leare moast doe't er in kursus Ingelsk folge. It waard skreaun yn 1948 en publisearre yn 1950. Datselde jiers waard it ek foar it earst opfierd. Yn 't earstoan hie it net folle súkses, mar troch loovjende kritiken fan party foaroansteande Frânske teäterresinsinten feroare dat. Sûnt 1957 wurdt it ûnôfbrutsen eltse jûn opfierd yn it Théâtre de la Huchette, yn Parys. Mei dêrtroch is it ien fan 'e meast opfierde toanielstikken fan Frankryk wurden. It waard foar it earst yn it Frysk oerset yn 1956.

Ein fjirtiger jierren besleat Ionesco om Ingelsk te learen. Dêrfoar brûkte er de Assimil-metoade, en skreau er konsjinsjeus hiele sinnen oer om se út 'e holle te learen. Wylst er it letter oan it oerlêzen wie, bekroep him it gefoel dat er gjin Ingelsk learde, mar ynstee guon ferbjusterjende wierheden ûntdiek dêr't er earder nea by stilstien hie, lykas dat in wike sân dagen hie en dat de soudering boppe en de flier ûnder jin is. Soks wist er fansels al, mar no liek it him ynienen ta dat soks like ûntsjinsisbere wier as ûnnoazel wie.

Dat gefoel waard allinne noch mar fuortsterke doe't er yn lettere lessen yn 'e kunde kaam mei "Mr. en Mrs. Smith". Ta syn ferstuivering fertelde Mrs. Smith har man dat se ferskate bern hiene, dat se deunby Londen wennen en dat se fan Smith hieten. Fierders murk hja tsjin har man op dat hy fan berop klerk wie en dat se in húshâldster hiene dy't Mary hiet. Wat Ionesco sa oan Mrs. Smith fassinearre wie har stelselmjittige wurkwize yn har syktocht nei de wierheid. Foar him foelen de klisjees en ûnnoazelheden fan it lesboekpetear útinoar ta in tipelsinnige parody op en brutsen fragminten fan in wier petear. Hy fûn dat sa'n nuveraardige gewaarwurding, dat er besleat dy yn in toanielstik fêst te lizzen om him mei oaren te dielen.

It stik skreau er earst yn syn memmetaal, it Roemeensk, en werskreau er doe yn it Frânsk ear't er it yn dy lêste taal útbrocht. Earst wied er fan doel it L'Anglais sans Peine ("Ingelsk sûnder Swierrichheden") te neamen. In oare wurktitel wie Il Pleut des Chiens et des Chats ("It Reint Hûnen en Katten"; ferwizend nei de Ingelske siswize it's raining cats and dogs, "it reint as de see"). De úteinlike titel ûntstie pas doe't ien fan 'e akteurs him by de repetysje foar de alderearste opfiering ferspriek.

De Smiths binne in tradisjoneel troud pear út Londen, dy't in oar pear, de Martins, útnûge hawwe om op besite te kommen. Letter jouwe Mary, de húshâldster fan 'e Smiths, en dy har frijer, de pleatslike brânwachtkommandant, har by de beide pearen. De Smiths en de Martins eamelje der mar wat hinne oer fan alles en noch wat, fertelle ferhaaltsjes dy't neat om 'e hakken hawwe en drage absurdistyske gedichten foar. Op in beskaat punt yn it stik praat frou Smith tsjin har man as is er in frjemd mei wa't se krekt op datseldichste stuit foar it earst yn 'e kunde komt.

As de brânwachtkommandant fuort sil, neamt er sa by de noas lâns de keale sjongster, wat in tige ûntrêstigjend effekt op 'e oaren hat. Frou Smith antwurdet dat dy "har hier altyd itselde draacht." Nei't de brânwachtkommandant ôfgien is, ferwurdt it stik ta in searje útspraken dy't nearne mear op slane, en ferliest it petear eltse likenis dy't it noch mei normaal konversearjen hie. It einiget as de beide pearen tagelyk útroppe: "Dêr is 't net hinne! It is dy kant út!", krekt foar't de ljochten útgeane. As dy wer oangeane, begjint de sêne wer fan foarren ôf oan, wylst de Martins no de tekst fan 'e Smiths hawwe, foar't úteinlik it doek falt.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

La Cantatrice Chauve is twaris yn it Frysk oerset (tink om it ferskil yn titels). De earste fertaling, De Keale Sjongeres, dy't fan 'e hân fan Lambert H. Mulder wie, datearret út 1956. Dizze oersetting wurdt neamd yn it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, fan Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, mar is fierders net werom te finen yn it digitaal argyf fan Tresoar. De twadde oersetting, De Keale Sjongster (mei as ûndertitel of: De Keale Prima Donna), waard yn 1998 makke troch Jikke de Haan. Dizze 55 siden tellende fertaling stiet wol yn it digitaal argyf fan Tresoar, mar liket nea útjûn te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ionesco, Eugène, De Keale Sjongeres (oers. Lambert H. Mulder), 1956.
  • Ionesco, Eugène, De Keale Sjongster, of: De Keale Prima Donna (oers. Jikke de Haan), 1998, Tresoar oanfraachnû. 11055 fr folio.

Sekundêre boarne oer de Fryske fertaling:

  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526; s. 150.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer oer it toanielstik, sjoch ûnder: References, op dizze side.