Lûsarat
Appearance
Lûsarat Լուսառատ | ||
![]() | ||
Armeenske fedaji. | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | Ararat | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.384 2008 | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 39°52'NB, 44°35'EL | |
Kaart | ||
Lûsarat (Armeensk: Լուսառատ) is in doarp yn 'e gemeente Vedi fan 'e provinsje Ararat yn Armeenje. It doarp grinzget oan 'e Armeensk-Turkske grins.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1968 wie de namme fan it doarp Chor Virap.
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By it doarp stiet in monumint fan in Armeenske fedaji (Ֆէտայի) út it begjin fan 'e 20e iuw, in wapene strider dy't as reaksje op 'e massamoarden op Armeenjers en de plonderingen fan Armeenske doarpen troch Koerdyske stammen frijwillich it gebiet tsjin frjemde krêften ferdigene.
Ferneamd is it monumintale Chor Virap-kleaster.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lûsarat fan Wikimedia Commons. |