Springe nei ynhâld

Lúksemboarch (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lúksemburch (stêd))
Lúksemboarch
Luxembourg (Frânsk)
Luxemburg (Dútsk)
Lëtzebuerg (Lúksemboarchsk)
Bestjoer
Lân Lúksemboarch
Sifers
Ynwennertal 134.714(2024)
Oerflak 51.46 km²
Befolkingsticht. 2000 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 49° 36' N, 06° 07' E
Offisjele webside
www.vdl.lu
It stedhûs fan Lúksemboarch
Oranje: Stêd Lúksemboarch
Read: Kanton Lúksemboarch
Donkergrys: Distrikt Lúksemboarch

Lúksemboarch of Lúksemburch (Frânsk: Luxembourg, Dútsk: Luxemburg, Lúksemboarchsk: Lëtzebuerg) is de haadstêd fan it lân Lúksemboarch, it Distrikt Lúksemboarch en it Kanton Lúksemboarch. De gemeente hat neistenby 134.714 ynwenners (2024)[1] en in oerflakte fan neistenby 51 km².

Yn de stêd Lúksemboarch binne it Hôf fan Justysje fan de Jeropeeske Uny, it Jeropeeske Rekkenkeamer en it siktariaat-generaal fan it Jeropeesk Parlemint fêstige.

Yn 963 boude greve Siegfried in kastiel mei in ienfâldige ferdigeningsmuorre op de Bock-rots. Dêrút is de stêd ûntstien. Yn de rin fan de tiid waarden der oan de westkant noch twa ferdigeningsgurdels oanlein. Ferskillende yngenieurs, ûnder oaren Vauban, bouden de stêd út ta ien fan de sterkste festingen fan Jeropa. Dêrtroch krige Lúksemboarch de bynamme 'Gibraltar fan it Noarden'.

By it kongres fan Londen yn 1867 waard Lúksemboarch neutraal ferklearre en moasten de festingwurken ûntmantele wurde. Sadwaande bleau mar 10% fan de fêsting bewarre, dêr't de kazematten dy't yn de Twadde Wrâldkriich as skûlplak tsjinnen ek by binne.

De âlde binnenstêd en in tal oerbleaune festingwurken waarden yn 1994 op de Wrâlderfgoedlist set.

Yn 1995 en yn 2007 wie Lúksemboarch de Kulturele Haadstêd fan Jeropa, in status dy't de stêd yn 2007 dielde mei it Roemeenske Sibiu.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) Etat de la population. Oproppen op 9 maart 2024.