Springe nei ynhâld

Léon Orthel

Ut Wikipedy
Léon Orthel
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wilhelm Leonardus Franciscus Orthel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 oktober 1905
berteplak Roosendaal
stoarn 6 septimber 1985
stjerplak De Haach
wurkpaad
sjenre Klassike muzyk
ynstrumint Fioele,
Piano

Wilhelm Leonardus Franciscus (Léon) Orthel (Roosendaal, 4 oktober 1905 - De Haach, 6 septimber 1985) wie in Nederlânsk komponist, pianist en muzykpedagooch.

Léon Orthel waard yn 1921 learling fan it Keninklik Konservatoarium yn De Haach. Hy studearre fioele by André Spoor, piano by Everhard van Beijnum en komposysje by Johan Wagenaar. Nei in jier (1928-29) oan de Berlynske Hochschule für Musik ûnder lieding fan Paul Juon en Curt Sachs - mei in beurs fan it Ryk - kaam er werom by Wagenaar (1929 -30).

Nei syn ôfstudearjen by Wagenaar wurke er yn de jierren tritich oan in eigen styl, dy't ta utering kaam yn syn Twadde Symfony (Sinfonia pikcola) út 1940 en de lieten op gedichten fan Rilke. Orthel wie fan 1941 ôf haadfakdosint foar piano oan it Keninklik Konservatoarium en fan 1949 ôf ek haadfakdosint foar komposysje oan it Amsterdamsk Konservatoarium. Yn 1970 gie er yn beide funksjes mei pensjoen. Syn Symfony nr. 4 krige útfieringen yn sawol Den Haag, Rotterdam as Amsterdam. Yn 'e jierren dêrnei skreau er sawat fjirtich komposysjes. Orthel wie pianist en komponist likegoed as pedagooch. Hy trede op as pianosolist mei orkest, spile keamermuzyk en begelate sjongers, benammen de sopraan Ank Reinders, yn syn eigen lieten. Hy wie foarsitter fan de Fakgroep Komponisten de Keninklike Nederlânske Toankeunstners Feriening (1947 -69) en fan it bestjoer fan de Dr. Johan Wagenaarstifing (1957 -72).

  • 6 symfonyen ( 1931 - 1961 )
  • 2 fioelekonserten ( 1949/1971 )
  • Keamermuzyk
  • Sangen

Hy waard berne binnen it húshâlden fan Wilhelm Machiel Orthel, militêr en letter hotelier fan berop en Catharina Maria Vermunt. Yn 1930/1931 boaske er mei pianiste en stúdzjegenoate yn Den Haach Sara Gerarda Joosting. Hy ferstoar op 6 septimber 1985 yn de âldens fan 80 jier, syn frou ferstoar trije dagen letter.

Keppelins om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]