Kutná Hora
Kutná Hora | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Tsjechje |
Kraj | Midden-Bohemen |
Sifers | |
Ynwennertal | 20.653 (2020) |
Oerflak | 33,05 km² |
Hichte | 254 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | 1289 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | kutnahora.cz |
Kutná Hora (Dútsk: Kuttenberg) is in stêd yn Tsjechje yn de regio Midden-Bohemen. De stêd leit likernôch 70 km. eastlik fan de haadstêd Praach en hat 20.653 ynwenners (2020).
It histoaryske sintrum fan de stêd stiet mei de Barbaratsjerke en it ûnder de Alderheljentsjerke lizzende ossuariuim fan Sedlec (Tsjechysk: Kostnice Sedlec), in pear kilometer bûten it sintrum fan Kutná Hora, op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan de stêd is sûnder mis Dútsk en giet werom op de stifting fan it sistersjinzerske kleaster Sedletz. De muontsen fan it kleaster kamen fan de abdij Waldsassen by Regensburg. Neffens in oerlevering soe ien fan de muontsen by syn wurk op de wynberch it earste sulver fan de stêd ûntdutsen ha en om it plak werom te finen lei de muonts dêr syn Kutte del, it Midheechdútske wurd foar it habyt. Sa soe de lettere Dútsktalige namme 'Kuttenberg' ûnstien wêze. De ûntdekking fan sulver soarge fanôf 1260 foar in migraasje fan Dútske mynwurkers, dy't harren op it plak nei wenjen wetten. De minen leine fuort ûnder it gebiet fan de delsetting; twa rosmûnen yn it stedsgebiet herinnerje dêr tsjintwurdich noch oan. In dokumint út 1326 fan in list fan magistraten hat allinne Dútske nammen en it Kuttenberger Bergmannslied út 1414 is ien fan de âldste oerlevere Dútske mynwurkerslieten.
De stêd krige nei 1300 fan kening Wenzeslaus II it rjocht munten te slaan en waard aloan riker. Nei Praach wie it de belangrykste stêd fan Bohemen. Yn 1304 belegere Albrecht fan Habsburg de stêd. Fuort dêrnei sette de stêd útein mei de bou fan fersterkings, dy't yn dielen noch bewarre binne.
De Hussitekrigen brochten Sedletz (1422) en Kuttenberg (1424) grut ûnheil. In soad bewenners waarden fermoarde en fral de Dútske befolking, dy't katolyk bleau, seach it langer net sitten en ferliet de stêd. Nei 1470 ferbettere de sitewaasje wer, mar de stêd soe nea wer boppe de klap útkomme. Wladislaus II waard yn 1471 yn Kutná Hora ta kening kroand en yn 1485 wie Kutná Hora it plak dêr't de frede tusken de Boheemske útrakwisten en katoliken sletten waard. Yn 1489 ferskynde nei de Praachske bibel (1488) de Kutná Hora-bibel, de twadde folsleine Tsjechysktalige bibel. De âldste wenhûzen fan Kutná Hora datearje fan dy tiid.
Yn it midden fan de 16e iuw ferlear de sulverwinning oan belang. Ek rekke de stêd it rjocht kwyt om munten te slaan.
De jezuïeten kamen yn 1627 nei de stêd om de befolking wer foar it katolike leauwe te winnen.
Nei twa stedsbrannen yn 1770 en 1823 feroare it oansjen fan de stêd. Tsjin it ein fan de 19e iuw ûnstie der foar it earst omtinken foar de monuminten. Yn 1961 waard de binnenstêd fan Kutná Hora beskerme stedsgesicht en yn 1995 waard de binnenstêd tafoege oan de list fan UNESCO-monuminten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De âlde binnenstêd
- De Sint-Jakobustsjerke mei it aartsdekanaat. De súdlike toer fan de tsjerke waard nea foltôge, mar de noardlike toer is de heechste tsjerketoer fan Bohemen.
- De goatyske Sint-Barbaratsjerke. De tsjerke is wijd oan Barbara fan Nikomeedje, beskermhillige fan de mynwurkers.
- Tusken 1667 en 1700 waard neffens in ûntwerp fan Giovanni Domenico Orsi de Orsini njonken de Barbaratsjerke it jezuïetenkolleezje boud.
- De rokokotsjerke fan Jehannes fan Nepomuk waard tusken 1734 en 1753 boud.
- De kleastertsjerke fan it Ursulinenkleaster waard tusken 1738 en 1743 neffens it barokke plan fan de arsjitekt Kilian Ignaz Dientzenhofer boud. It kleaster waard yn 1989 oan de oarder werom jûn.
- De eardere synagoge fan Kutná Hora waard yn de Jugendstil boud en tsjinnet tsjintwurdich as tsjerke fan de Tsjechoslowaakske Hussitentsjerke.
- De boarch (Tsjechysk: Hrádek) datearret fan 1312 en ûndergyng yn 1490 in grutte ferbouwing. Ut dy tiid bleaune in pear kassettenplafonds en de keninklike kapel bewarre. Tsjintwurdich tsjinnet de boarch as museum en tagong ta de midsiuwske sulvermyn.
- It Italjaanske Hôf (Tsjechysk: Vlašský dvůr) wie eartiids in keninklik paleis. Dêr wie it keninklike muntamt ûnderbrocht.
- Ien fan de âldste noch besteande hûzen is it Stiennen Hûs. It waard noch foar de oermastering fan de stêd troch de Hussiten boud. It tsjintwurdige oansjen krige it hûs yn 1489 fan boumaster Briccius Gauske út Görlitz.
- Kutná Hora hie eartiids fanwegen de mynbou en de dêrmei gearhingjende grûnwetterstân swierrichheden mei de wetterfersoarging. Mei leidings en pompen waard wetter út opfang nei de stêd laat. De stiennen boarne yn it sintrum is ien fan de plakken dêr't de lju wetter helje koene. De rike dekoraasjes fan de 15e-iuwske boarne foarmje in bewiis fan de eardere rykdom fan de stêd.
Stedsdiel Sedlec
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Marije Himelfearttsjerke (kostel Nanebevzetí P. Marie) waard tusken 1280 en 1320 yn goatyske styl boud. It is mei de Barbaratsjerke en de Jehannes de Dopertsjerke ien fan de tsjerken, dy't troch de Sistersinzerske abdij yn Sedletz boud waard. De tsjerke waard yn de Tritichjierrige Kriich ferneatige en dêrnei fan 1699 oant 1707 wer opboud. Ta de grutste keunstskatten fan de tsjerke wurdt in goatyske monstrâns út 1390 rekkene.
- It tsjerkhôf fan Sedletz waard mei grûn fan it hillige grêf yn Jeruzalim oerstruid. Sadwaande waard it tsjerkhôf foar kristenen sels bûten Bohemen bekend en dat in soad minsken dêr graach begroeven wurde woene. De mynbou soarge der foar dat der gjin útwreiding plakfine koe en ek de pest en de oarloggen soargen der foar dat der brek oan romte ûntstie. Om dochs begraffenissen te hâlden waarden yn de gewelven ûnder de 14e-iuwske Alderheljenkapel in bientsjekou ynrjochte, it ossuarium fan Sedlec. De heapen mei bonken fan likernôch 40.000 minsken soene it wurk west ha fan in bline muonts út 1510, nei't de measte grêven romme waarden. De kapel waard tusken 1703 en 1710 yn let-barokke styl ferboud. De houtfiker František Rint makke fan bonken kandlers, kroanluchters en oare dekoraasjes.
-
Resten stedsmuorren -
Italjaanske Hôf -
Stiennen Hûs
-
Barbaratsjerke en Jezuïetenkolleezje
-
It makabere ynterieur fan it ossuarium fan Sedlec
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kutná Hora
|