Springe nei ynhâld

Kronborg

Ut Wikipedy
Kronborg
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Haadstêd
adres Kronborg 2 C, 3000 Helsingør
koördinaten 56° 2' N 12° 37' E
Skiednis
boujier 1574-1585; weropbou jierren 1630
Oars
boustyl renêssânse
monumintale status wrâlderfgoed
Webside
Side Kronborg
Kaart
Kronborg (Haadstêd)
Kronborg

Kronborg is in fort en kastiel yn Helsingør, Denemark. It kastiel is ien fan de meast belangrike renêssânse kastielen fan Noard-Jeropa en is sûnt 2000 byskreaun op de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO.

It kastiel leit yn it uterste noard-easten fan Sjælland, dêr't de Sont op syn smelst is. It wie in strategysk wichtige lokaasje dy't it mooglik makke de tagong ta de Baltyske See troch de Sunt te kontrolearjen.

De skiednis fan Kronborg giet werom op it 15e iuwske, net mear besteande, fort Krogen, dat yn de jierren 1420 boud waard troch Erik fan Pommeren. Yn de mande mei it kastiel fan Helsingborg op de oare kant fan de Sont koe it fort net allinne de tagong ta de Baltyske See kontrolearje, mar ek tol heffe foar de skippen. Fan 1574 oant 1585 liet Freark II it midsiuwske kastiel feroarje yn in renêssânse slot. Grutte parten fan it slot waarden yn 1629 ferneatige troch in brân troch ûnfoarsichtigens fan in pear wurklju. Yn de jierren 1630 liet Kristiaan IV it kastiel yn de oarspronklike foarmen wer opbouwe, wylst it in nije ynrjochting krige. Ut de tiid fan Kristiaan IV datearje de plafondsbeskilderings, skoarstienmantels en doarren mei houtfykwurk.

De Nederlânske float passeart de Sont op 29 oktober 1658 om in ein te meitsjen oan de Sweedske besetting fan Helsingør.

Yn 1658 yn de Noardske Kriich waard Kronborg belegere en ynnommen troch Sweedske troepen. Yn de dêrop fan 1658 oant 1660 folgjende besetting waard it kastiel plondere troch Dútske en Sweedske soldaten. It ynterieur waard bleatsteld oan grutte ferwoastgings. Bylden, fonteinten en skilderijen waarden meirôve as kriichsbút. Under de tige weardefolle saken wie ek it himelbêd fan kening Freark II, in weefde luifel fan wol en side mei gouden en sulveren triedden. Yn Sweden waard it nea brûkt om't de wapens fan Freark II en Sofie fan Mecklenburg op in opfallende plak yn de luifel ferwurke wiene. De luifel is tsjintwurdich te sjen yn it Nasjonale Museum yn Stokholm.

Yn 1785 ferlear it kastiel de funksje fan keninklike residinsje. It waard geskikt makke foar kazerne. De militêren ferlieten yn 1923 it kastiel en yn 1991 ek de rest fan de fêsting.

Nei in restauraasje waard Kronborg yn 1938 iepene foar it publyk.

Yn de Kronborg wie fan 1915 oant 2012 it Museet for Søfart (Maritym Museum) ûnderbrocht.

Holger Danske of Holger de Deen.

Holger Danske (Holger de Deen ) wie in legindaryske Deenske kriger en ridder yn it leger fan Karel de Grutte. Neffens de leginde soed er sliepe yn de krypten ûnder Kronborg. Sadree't der foar Denemark gefaar drige waard hy wekker om it lân te rêden.

Yn de kazematten ûnder Kronborg is in byld fan Holger fan de byldhouwer Hans Peder Pedersen-Dan út 1907.

De setting fan it stik Hamlet fan Shakespeare is Elsinore, de Ingelske namme fan Helsingør.

Loftopname Kronborg.

Yn 1915 iepene it Maritym Museum in tentoanstelling yn it kastiel. It museum beljochte doe de Deenske maritime skiednis fan âlde tiden oant doe. Tsjintwurdich leit de fokus fan it museum mear op de Deenske kommersjele skipfeart fanôf de midsiuwen oant de moderne tiid. It museum hat de Kronborg ferlitten en is sûnt 2013 fêstige oan de Ny Kronborgvej op de eardere werf fan Helsingør.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Kronborg