Kroanein
kroanein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerkje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Netta rufina | ||||||||||||
Pallas, 1773 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel stânfûgel wintergast |
De kroanein (Netta rufina) is in fûgelsoarte út 'e famylje einfûgels (Anatidae). In folwoeksen kroanein is likernôch like grut as de wylde ein. It is net in talrike briedfûgel, mar sûnt it earste briedgefal yn 1942 binne de oantallen tanommen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels binne 53 oant 57 sm lang en hawwe in spanwiidte fan 85 oant 90 sm.
De ein hat in opfallend grutte rûne kop en like opfallend is de brede ljochte streek op 'e wjukken mei in smelle, swarte efterrâne. It jerkje hat in readbrune kop, in koraalreade snaffel en in swarte boarst en búk. De rêch is ljochtbrún en de flanken smoarchwyt fan kleur.
It wyfke is effen griisbrún, fan boppe donkerde en op 'e flanken wat ljochter. De krún oant it each is donkerbrún en dêrûnder is de kop wer folle ljochter griisbrún. It wyfke hat in donkere snaffel. It jerkje sjocht der nei it ferfearjen hast itselde út, mar hat dan as ûnderskied noch wol de reade snaffel.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út wetterplanten, dy't er yn ûndjip wetter siket, lytse fiskjes, ynsekten en oare lytse wetterdierkes.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst wurdt op in eilantsje boud by wetter. It lechsel bestiet út seis oant tolve griiseftige oant ljochtgriene aaien, dy't nei 28 dagen útkomme.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn West-Europa is it briedgebiet tesnipele mei in soad lokale populaasjes. De kroanein komt fierder yn dielen fan Lyts-Aazje, Midden-Aazje oant noadwest Sina en it west fan Mongoalje foar. De Aziatyske fûgels oerwinterje op 'e Swarte en de Kaspyske See, mar ek op it Yndyske subkontinint en fierder eastlik oant yn Birma.
De kroanein mei graach oer grutte plassen mei brede reitkragen en begroeiing, baaien, lagunes en sâlte sompen.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kroanein komt yn Nederlân net in hiel soad foar. Sûnt 1942 is der foar it earst mei wissen in briedend pearke fêststeld. Fral tusken 1990 en 2010 binne it tal briedpearkes tanommen oant likernôch 440 oant 520. De fûgel komt frâl yn Súd-Hollân, de Finkefeanske Plassen en de Iselmarkust foar. Yn Fryslân briede kroaneinen yn 'e Makkumerwaard en it Hegewiersterfjild ûnder Harns.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kroanein hat in grut ferspriedingsgebiet. It is net bekend hoefolle fûgels der binne, mar it ferspriedingsgebiet is grut en de populaasje is yn alle gefallen sa grut, dat de kâns op útstjerren lyts is. Rûge rûzings geane fan in wrâldpopulaasje fan 420.000-600.000 yndividuën út. De Europeeske populaasje soe delkomme op 55.000-86.000 folwoeksen fûgels.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Goeseftige
- Einfûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan