Kroan
- Dizze side giet oer de kroan yn 'e sin fan it holdeksel fan in foarst. Foar oare betsjuttings, sjoch: kroan (betsjuttingsside).
In kroan of kroane (fan it Latynske corona) is it tradisjonele holdeksel dat droegen wurdt troch in regearjend monarch, dat in symboal is foar dy syn gesach, wetlikens, eare, gloarje en oerwinning. Teffens kin in kroan ûnstjerlikens, rjochtfeardichheid en de weropstanning út 'e dea fertsjintwurdigje. Sadwaande wurde ek godheden gauris ôfbylde mei in kroan op 'e holle. Yn skilderijen en oare keunstwurken kin men soms sjen hoe't in kening of keizer syn kroan oanbean kriget troch ien of mear ingels, wêrmei't útbylde wurdt dat sokken regearren by de graasje Gods (mei't ingels de tsjinners fan God hjitte te wêzen). Mei dêrom wurdt hearskers faak de kroan op 'e holle pleatst troch in biskop of oare geastlike, by in plechtige seremoanje dy't in kroaning neamd wurdt.
Hoewol't de oarsprong fan 'e kroan net alhiel wis is, wolle guon skiedkundigen hawwe dat er ûntstien is út 'e helmen dy't iere keningen yn 'e striid droegen. Sokke helmen hiene yn 'e regel mear fersierings as de helmen fan harren ûnderdienen. Oare saakkundige hâlde it derop dat de hjoeddeiske kroan fuortkommen is út in ienfâldige metalene holbân dy't bedoeld wie om in ealstien op 'e foarholle te dragen. De kroan yn syn ienfâldichste foarm is yndie sa'n ienfâldige rûnte fan ealmetaal (meastel goud), dy't fan boppen iepen is. Meitiid soe troch it stadichoan tanimmen fan it tal fersierings it model fan 'e iere tradisjonele kroan ûntstien wêze: in rûnte fan ealmetaal dy't noch altyd fan boppen iepen wie, mar gjin bân mear wie, mar in soarte fan platte sylinder, mei útstykjende pjukken nei boppen ta. Noch wer letter waard der ûnderoan in râne fan harmelingebûnt tafoege, wylst de kroan fan boppen tichtmakke waard mei ferwiel of satyn, en fjouwer of mear fan 'e pjukken nei-inoar tagroeiden, sadat se inoar yn 'e midden oan 'e boppekant fan 'e kroan metten en mei-inoar ferraanden. Dêrby waarden alle ealmetalene oerflakken op 't lêst suver ynlein mei ealstiennen en juwiellen.
Men sprekt fan in keningskroan as it om 'e kroan fan in kening giet, en fan in keizerskroan as it om 'e kroan fan in keizer giet. Ek de gemalinnen fan sokke regearjende monargen drage faak in kroantsje, dat lykwols lytser en finer fan foarm is as de kroan fan 'e monarch sels. As it om in regearjende keninginne of keizerinne giet, draacht de prins-gemaal lykwols net in kroan. De Nederlânske keningskroan waard yn 1816 fêststeld by Keninklik Beslút of kabinetsoarder (24.6.1816 nr. 77). Oars as by it ynstallearjen fan 'e measte oare foarsten, wurdt de Nederlânske kening(inne) mei dy kroan net kroane. Yn it Plakkaat fan Ferlitting, wêrby't yn 1581 de kening fan Spanje as lânshear ôfsward waard, is nammentlik steld dat de kening it folk tsjinnet, en dêrby past net in ynhuldiging wêrby't de kening mei in kroaning boppe it folk pleatst wurdt.
Der binne noch ferskate oare soarten kroanen. In diadeem is in lyts kroantsje yn 'e foarm fan in mei ealstiennen fersierde bân fan ealmetaal foar om 'e holle, dat troch froulju by tige formele gelegenheden wol droegen wurdt by wize fan sieraad. De tiara of trijekroan wie fan âlds de (trijefâldige) kroan fan 'e paus fan Rome. In tiara kin lykwols ek in diadeem yn 'e foarm fan in heale kroan wêze. By sportwedstriden wurdt de winner wolris in blommekrâns, guirlande of lauwerkrâns op 'e holle pleatst as symboalyske kroan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|