Kreakeling (koek)

Ut Wikipedy
Skaal mei koekjes, wêrûnder de kreakeling (linksboppe)

De kreakeling is in soarte koek. It wurdt faak as typysk Nederlânsk beskôge, mar ek yn Skandinaavje is it in bekende swietichheid.

It koekje hat in eigen spesifike foarm. It daai wurdt yn in lange sliert rôle, wêrnei't de úteinen krúslings weromslein wurde nei de midden fan de sliert. De kreakeling wurdt ôfwurke mei in sûkerlaachje of groffe sûker en eventueel kaniel. In spesjale kreakeling is de Surcher anyskreakeling. In bûtenlânske fariaasje is de pretzel, in hertlike fariant fan de kreakeling

In grutter formaat fan de krakeling, de soeskreakeling wurdt faak serveard by de kofje op begraffenissen en kremaasjes. De foarm stiet dan symboal foar it begjin en de ein fan it libben.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: