Springe nei ynhâld

Krasnoje Selo

Ut Wikipedy
Krasnoje Selo
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Ruslân
Federale stêd Sint-Petersburch
Sifers
Ynwennertal58.652 (2023)
Oerflak19,28 km²
Befolkingsticht.3.213,81 ynw./km²
Oar
StiftingBegjin 18e iuw
TiidsôneUTC +3
Koördinaten59° 44' N 30° 5' E
Offisjele webside
www.krasnoe-selo.ru
Kaart
Krasnoje Selo (Jeropeesk Ruslân)
Krasnoje Selo

Krasnoje Selo (Russysk: Кра́сное Село́, letterlik Moai doarp) is in stêd yn Ruslân. Bestjoerlik falt Krasnoje Selo ûnder Sint-Petersburch. De stêd leit op likernôch 25 kilometer súdeastlik fan it sintrum fan Sint-Petersburch.

De bou fan in papiermûne yn 1719 wurdt as de stiftingsdatum fan de stêd beskôge. Fan 1765 ôf krige it plak in militêre betsjutting en oefene de Sint-Petersburchske garde dêr. Ek ûntstie der in papierfabryk. Yn 'e 19e iuw waard Krasnoje Selo fanwegen it leaflike lânskip populêr by de boppelaach fan de Russyske haadstêd. Tal fan filla's en simmerdatsja's waarden der doe boud en ek de keizerlike famylje hiene dêr in simmerresidinsje.

Yn 1884 teste de loftfeartpionier Aleksander Mosjaiski syn iendekker yn it plak. Foar de Earste Wrâldkriich wie der in fleanfjild, dêr't bygelyks Igor Sikorski it earste fjouwermotoaryske fleantúch fan de wrâld mei sukses teste[1].

By Krasnoje Selo waarden yn de hjerst fan 1919 de nei Petrograd optsjende troepen fan de wite generaal Nikolaj Joedenitsj keard en ferslein. Yn 1925 krige Krasnoje Selo stedsrjochten.

Under de blokkade fan Leningrad yn de Twadde Wrâldkriich waard Krasnoje Selo troch de Dútske Wehrmacht beset. It Reade Leger ferovere op 19 jannewaris 1944 de stêd yn it ramt fan de Operaasje Leningrad-Novgorod werom.

Yn 1973 waard de stêd by it stedsgebiet fan it doedestiidske Leningrad yndield.

Untwikkeling befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwennertal
18973.000
193912.654
195916.286
197027.208
200244.081
201044.323
201755.550

Opmerking: Folkstelling 1897 ôfrûne

Boarnen, noaten en/as referinsjes: