Springe nei ynhâld

Krústsjerke (Haulerwyk)

Ut Wikipedy
Krústsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Haulerwyk
adres Valckenierswei 3
koördinaten 53° 03' N 6° 19' E
Arsjitektuer
arsjitekt Gerritsen, Vessem
boujier 1962
Webside
Side Griff.-frijmakke tsjerke
Kaart
Krústsjerke (Fryslân)
Krústsjerke

De Krústsjerke oan de Valckenierswei is de tsjerke fan de grifformearde-frijmakke gemeente yn Haulerwyk.

De ûnstjoer yn 1944-1946 nei oanlieding fan de útspraken fan de synoade fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oer artikel 31 fan de Doardtske tsjerke-oarder gyng lykas op oare plakken ek net oan Haulerwyk foarby. Nei't master Pilon, haad fan de Kristlike Skoalle en jierrenlang âlderling yn de tsjerke, yn 1945 de kant fan de frijmakking keas en him mei de hûshâlding losmakke fan de Grifformearde Tsjerke sette dy thús út ein mei godstsjinstoefenings, dy't troch dûmny's fan de frijmakke gemeenten Duerswâld en Súdlaren foargongen waarden.

Yn 1946 naam ek yn de gemeente de spanning ta. Doe't trije leden fan de tsjerkeried harren langer net mear ferienigje koene mei de besluten fan de synoade en de ried ferlieten rôpen hja oare gemeenteleden op harren te folgjen en oan te sluten by de frijmakking. Alhoewol't it grutste diel trou bleau oan de tsjerke, wie dêrmei de skuorring in feit en in tal leden ferlieten de âlde gemeente.

De nije frijmakke gemeente hold ynearsten har tsjinsten yn de herfoarme kapel oan de Breebergwei 6 yn Waskemar.[1] Yn 1962 waard in nije tsjerke yn Haulerwyk boud, dy't de namme Krústsjerke draacht.

It oargel yn de tsjerke waard troch de firma Reil út Heerde boud foar de Kandelaartsjerke yn Amsterdam. Doe't it Leger des Heils dy tsjerke oernaam waard it oargel net mear brûkt en koe it troch Reil útboud en yn Haulerwyk mei help fan frijwilligers wer opboud wurde. Doe't it oargel te bespyljen wie is it ynstrumint troch de firma Reil nochris neisjoen en op 9 novimber 2007 waard it offisjeel yn gebrûk nommen.[2]

It Reil-oargel kaam yn it plak fan in lytser ynstrumint fan de oargelmakker Pels út 1967, dat oan in partikulier yn Belgje waard ferkocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: