Kâlde Feart
Appearance
(Trochferwiisd fan Kouwe Faart)
De Kâlde Feart (Biltsk en offisjeel: Kouwe Faart; Nederlânsk: Koude Vaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart ferbynt de Blikfeart benoarden Berltsum mei Swarte Haan oan de Waadseedyk. Tusken Sint Anne en Sint-Jabik giet de Kâlde Feart ûnder de N393 troch en twa kilometer noardliker trochsnijt de feart de Aldebiltdyk en de Aldebiltdykster Feart.
De namme Kouwe Vaart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Koude Vaart.